Piet Schrijvers (Jutphaas, 15 desimber 1946Ermelo, 7 septimber 2022) wie in Nederlânsk proffuotballer en fuotbaltrainer.

Piet Schrijvers
Piet Schrijvers (1978)
Piet Schrijvers (1978)
persoanlike bysûnderheden
namme Piet Schrijvers
bynamme De Knoest van Soest,
De Corpulente van Twente,
De Beer van de Meer,
De Bolle van Zwolle,
Het Lek van PEC,
De Kolos van Oss,
De Flop van TOP
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum 15 desimber 1946
berteplak Jutphaas
stjerdatum 7 septimber 2022
stjerplak Ermelo
klupskiednis
posysje Doelman
jeugdteams
VV RUC,
SEC
profesjonele feriening(s)
seizoen               klup                              wedstr.(goals)
1961-1963
1963-1965
19651968
1968-1974
1974-1983
1983-1985
SEC
HVC
DWS
FC Twinte
Ajax
PEC Zwolle
–(–)
–(–)
40(0)
190(0)
269(0)
62(0)
nasjonaal team
1971-1984 Nederlân 46(0)
trainer by
1987-1989
1991-1993
1993-1994
1995-1996
FC Wageningen
T.O.P.
AZ
PEC Zwolle

Karriêre bewurkje seksje

Hy wie in doelman dy't ûnder oare by FC Twinte, Ajax, PEC Zwolle en it Nederlânsk alvetal ûnder de latte stie. Schrijvers krige yn syn karriêre tal fan bynammen dy 't net allegearre like kompliminteusk wiene. De bekendste wiene De Beer van de Meer, De Bolle van Zwolle en Het Lek fan PEC.

Nei 't er ophâlden wie as doelman waard Schrijvers yn 1985 de assistint fan trainer Co Adriaanse fan PEC Zwolle. Yn 1987 waard er haadtrainer fan FC Wageningen. Nei 't er by Wageningen dien krige, waard er keeperstrainer by FC Twinte en FC Utrecht. Yn 1991 waard er trainer fan Earste difyzjonist T.O.P. út Oss. Yn 1994 wist hy mei AZ hast nei de earedifyzje te promovearjen. Ut ûnfrede mei it oanlûken fan technysk manager Theo Vonk, levere er yn novimber 1994 syn kontrakt by AZ yn. Fan 1995 oant 1996 wie er trainer fan PEC Zwolle. Letter wie er noch keeperstrainer fan PSV, keeperstrainer fan de nasjonale ploech fan Saûdy-Araabje, trainer fan it Arûbaanske SV Dakota en trainer fan ferskate Nederlânske amateurklups. Syn lêste put wie it trainen fan FZO út Seist, dêr't hy yn 2009 kampioen mei waard.

Piet Schrijvers ferstoar op 7 septimber 2022 yn 'e âldens fan 75 jier oan de gefolgen fan Sykte fan Alzheimer.