Wikipedy:Ynstelling-rie

Hawwe jo jo oanmelden by Wikipedy dan kinne jo by hjir en rjochtsboppe ûnder ynstellings bepaalde ynstellings oanmeitsje. Dy beynfloedzje hoe't jo de Wikipedy siden sjogge en bewurkje.

Persoanlike gegevens

bewurkje seksje
  • e-postadres: It adres dêr't jo wachtwurd hinne stjoerd wurdt at jo it fergetten binne en dêr't e-post berjochten telâne komme at ien de opsje 'Skriuw meidogger' oanklikt hat.
  • Jo alias (foar sinjatueren): De namme dy't te sjen is at jo mei ~~~ (allinnich namme) of ~~~~ (namme en datum) in berjocht ûndertekenje.
  • sinjatuer sûnder automatyske ferwizing nei dyn Meidoggerside: at jo ûndertekenje mei ~~~ komt der gjin automatyske ferwizing nei jo Meidoggerside, dat bart oars by de standert ynstellings wol.
  • Taal: De taal fan de wikipedia-berjochten.
  • Wachtwurd feroarje: Hjir kinne jo in nij wachtwurd ynstelle.
  • e-post: At jo al in e-post adres ynfolle hast en jo wolle gjin post fan oare meidoggers krije, dan kinne jo dat opkeare troch dizze opsje te selektearjen.

Side oansjen

bewurkje seksje

Der binne sân mooglikheden foar it uterlik fan de Wikipedy. At jo hjir neat feroare hawwe dan hawwe jo it monobook-uterlik (Preview). Troch op (Preview) efter de namme fan it uterlik te klikken, wurde jo trochferwiisd nei in foarbyld fan it uterlik, sadat jo goed sjen kinne hoe't de Wikipedy derút komt te sjen at jo ien bepaald uterlik keazen hawwe.

It standert-uterlik (Preview) wie it úterlik foar juny 2004. It nostalgy-uterlik (Preview) liket mear op dat fan de 'âlde' Wikipedia's; der is gjin menubalke. It Keulsk blau-uterlik (Preview) sjocht der 'professioneler' út. Troch eigen stylesheet (User:XXX/myskin.css (Preview)) oan te meitsjen kinst mear eigenskippen nei eigen smaak ynrjochtsje. Dit dogge jo troch de side User:XXX/monobook.css (as jo monobook as styl keazen hawwe) te meitsjen en dêryn de nedige wizigingen oan te bringen.

Wiskundige formules

bewurkje seksje

Mei <math> is it mooglik om wiskundige formules yn LaTeX yn te fieren. Hjir jouwe jo oan hoe at jo sokke teksten sjen wolle - moatte se omset wurde yn HTML of moat der in plaatsje (png) fan makke wurde?

It tiidferskil mei UTC. Dit beynfloedet de tiden dy't jo sjogge yn "Koartlyn feroare" en de "sideskiednis". Sjoch oars op tiidsônes om te sjen yn hokker tiidsône at jo sitte. Jo moatte dizze ynstelling sels oanpasse at de simmertiid begjint of einigt. Foar Fryslân is it winterdeis "+1" en simmers "+2".

Tekstfjild-ôfmjittings

bewurkje seksje

Dit binne de ôfmjittings fan it bewurkingsfjild dat jo te sjen krije at jo in side wizigje of nij oanmeitsje. Fierder binne der noch in tal ynstellings dy't mei dit bewurkingsfjild te krijen hawwe.

  • Jou [bewurk]-keppelings foar seksjebewurking: Jo krije in bewurk keppeling foar elke seksje, wermei at jo allinich dat part fan de side bewurkje kinst ynstee fan de hiele side.
  • Rjochtsklik op seksjetitels jout seksjebewurking (freget JavaScript): ??
  • Dûbelklik jout bewurkingsside (freget JavaScript): As jo dûbelklikke op in ferwizing komme jo streekrjocht op de bewurkingsside fan dy side.
  • Bewurkingsfjild sa breed as de side: De breedte fan jo bewurkingsfjild wurdt automatysk fergrutte, sadat it fjild de hiele breedte fan jo blêder ynnimt (neist it menu).
  • Toan kontroleside boppe bewurkingsfjild: As jo 'Toan bewurking as kontrole' oanklikke ferskynt earst de side sa't dy wêze sil as de side opslien wurdt, dan it bewurkingsfjild (dit is it standertgedrach). Binne dizze opsjes net keazen, dan ferskynt earst it bewurkingsfjild en dêrûnder de nijste ferzje fan de side.
  • Siden dy't jo feroare hawwe folgje: At jo in side oanmeitsje of wizigje wurdt dizze automatysk oan jo folchlist taheakke.
  • Feroarings yn it earst oanjaan as tekstwizigings.: Idem foar it fekje 'Dit is in lytse wiziging'. Ynstee fan standert normale wizigingen te hawwen, dy't ek lyts oanjûn wurde kinne, hawe jo standert lytse wizigingen, dy't ek oa normaal oanjûn wurde kinne.

Koartlyn Feroare en Stobben

bewurkje seksje
  • Tekstwizigings wei litte út 'Koartlyn feroare': Tekstwizigings (mei in T derfoar) wurde net mear op de side 'Koartlyn feroare' en in tal gelikense siden oanjûn.
  • Utwreide ferzje fan 'Koartlyn feroare' brûke (net mei alle blêders mooglik): In oar formaat foar de 'Koartlyn feroare' side. Grutste ferskil is dat as in side op ien en deselde dei mear as ien kear bewurke is mar ien kear yn de list stiet, en sawol as ien grutte wiziging as in tal lytse wizigings besjoen wurde kin. Mei sommige blêders liket dit lykwols op fleanen (u.o. Netscape 4.x), jo sille sels útfine moatte hoe at dit der mei jo blêder útsjocht.
  • Oantal titels yn list resinte wizigingen: It oantal wizigingen dat te sjen is op Koartlyn feroare en fergelykbere siden.
  • Grutte wêrûnder in side as 'stobbe' oanjûn wurdt: As jo graach sjogge hokker siden tige lyts binne, en faaks mear ynhâld fertsjinje, kinne hjir in wearde krije. Siden lytser as it oantal bytes dat jo hjir oanjouwe, wurde yn in oare kleur oanjûn.
  • Oantal per side te toanen sykresultaten: Oantal resultaten dat op in side mei resultaten fan oanjûn wurdt.
  • Oantal regels per fûne side: By de sykresultaten is ek it oantal regels te sjen dêr't it sochte wurd yn foarkomt. Dizze regels wurde socht yn de earste n regels, wêrby't n it oantal is dat jo hjir oanjouwe. As in leech getal opjûn wurdt, sille in soad siden gjin inkele kontekst jaan, as it heech is, sille guon siden in soad regels kontekst opleverje. By kiezen fan in tige heech getal (lykas 5000), wurde alle hits oanjûn.
  • Oantal tekens fan de kontekst per regel: It oantal tekens kontekst dat by elke soksoarte hit toand wurdt. By ynfollen fan in tige heech getal (llykas 500), wurdt de heule regel toand.
  • By drukken op "Sykje", wurdt der allinnich yn ensyklopedy-siden socht, net yn oerlissiden, Wikipedia-siden, brûkerssiden en ôfbyldebeskriuwingssiden. Wa 't dêr ek yn sykje wol kin ûnderoan in nije "Sykje" starte. Hjir kinne jo bepale dat der standert (ek) yn oare nammeromten socht wurde moat.
  • Keppelings nei lege siden ta read (oars mei in fraachteken?): As der linkt wurdt nei in (noch) net besteande side, ferskynt in fraachteken efter it wurd. As dit fak oanfinke is, wurdt ynstee dêrfan de link kleure en ûnderstreke lykas oare links, mar read ynstee fan blau. Yn de measte oare Wikipedia's is dit de standertopsje.
  • Paragrafen útfolje: Hjirtroch wurdt de tekst sa opmakke dat sawol lofts as oan de rjochterkant in rjochte kantline krijt.
  • Koppen fansels nûmerje: De seksjes op in side (oanjûn mei ==, === ensfh.) wurde 1, 2, 3, 1.1, 1.2 ensfh. nûmere.
  • Ynhâldsopjefte, foar siden mei mear as twa koppen: Boppeoan siden stiet in list mei de seksjes, wêrmei't jo streekrjocht by de seksje komme kinne troch dizze yn de ynhâldsopjefte oan te klikken.
  • Gjin oerslach brûke: Om Wikipedia minder traach wêze te litten, wurdt in side soms fanút in cache laden by opfreegjen, en net opnij oanmakke. Dit jout soms problemen, meidat de cachete ferzje laden wurdt wylst de side sûnttiids feroare is. Klik dizze opsje oan as jo altiten de side opnij oanmeitsje litte wolle. Der ferskynt dan in nea ferâldere ferzje fan in side, mar de tiid om siden te laden wurdt faaks langer.
  • Wachtwurd ûnthâlde: As jo letter fannijs ynlogge moatte, is jo wachtwurd al ynfold. Jo hoege allinnich mar in kear OK te sizzen.
bewurkje seksje

Standert stiet oan de linkerkant it WikipedY-logo en in oantal links stean ("Haadside", "Hjoed", "Koartlyn feroare", et cetera). Dêr kin dizze menubalke útsetten wurde, nei rjochts ferpleatst of sichtber bleaun litte, troch nei ûnderen te scrollen ('swevend').