Wilfred Berry Monumint

It Wilfred Berry Monumint is in oarlochsmonumint yn Aldeholtpea. It is oprjochte op 28 septimber 1945 as oantinken oan it tragyske ûngelok op 12 april 1945 en as blyk fan dank oan de befrijers. Wilfred Robert George Berry liet dêrfoar it libben. Neist dit monumint is in Kanadeeske eskdoarn (mapleleaf) plante as oantinken oan dizze befrijer.

Yn de rin fan de middei krige in eskadron Kanadeeske pânserweinen út Aldeberkeap opdracht om sa gau mooglik de Mildaamster brêge yn te nimmen. De brêgen by Aldskoat en benoarden Aldeberkeap wienen doe al troch de Dútsers opblaasd.

It eskadron fan sa'n 40 weinen sette doe út Aldeberkeap wei oer Nijeholtpea op Aldeholtpea oan. Se fersinden harren yn it paad en rieden net oer de Hamerswei mar rjochting Wolvegea. By it Scheenepaad (dêr't no it fiadukt is) kamen se by de Dútske stelling by Frankena State. By de efterfolging stoppen de fytsende Dútsers by de pleats fan Haite de Vries en gienen dêr opnij yn stelling. Nei in kertier kaam dêr noch in trijetal Staghounds lâns dy't har ek yn it paad fersind hienen troch. Se waarden troch de Dútsers ûnder fjoer nommen. Sjauffeur Wilfred Berry rekke slim ferwûne mei syn Staghound yn de sleat. Hy ferstoar letter op it plak fan it ûngelok.

Keppeling om utens

bewurkje seksje