Wilhelminatsjerke (Doardt)

De Wilhelminatsjerke waard boud foar de grifformearde tsjerke yn 'e Súd-Hollânske stêd Doardt. Tsjintwurdich is it ien fan 'e PKN-tsjerken yn Doardt. De tsjerke is lykas de Ljouwerter Koepeltsjerke in ûntwerp fan de arsjitekt Tjeerd Kuipers neffens de ideeën fan Abraham Kuyper. Sûnt 2010 is de Wilhelminatsjerke in gemeentlik monumint.

Wilhelminatsjerke
Lokaasje
lân Nederlân
provinsje Súd-Hollân
plak Doardt
adres Blekersdijk 41
koördinaten 51° 48' N 4° 40' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip PKN
Arsjitektuer
boujier 1898-1899
boustyl Eklektisisme
monumintale status Gemeentlik monumint
Webside
Side Wilhelminatsjerke
Kaart
Wilhelminatsjerke (Doardt-Sintrum)
Wilhelminatsjerke
 
Ynterieur

De tsjerke waard tsjin it ein fan 'e 19e iuw foar in groeiende gemeente ûntwurpen troch de arsjtekt Tjeerd Kuipers, dy't foar de grifformearden mear as fyftich tsjerken ûntwurp. De gevel fan 'e tsjerke hat romaanske ynfloeden en oan wjerskanten twa tuorren. Efter de gevel stiet in koepeltsjerke op in rûne plattegrûn.

Mei de ynbou fan in kreake yn 1922 waard it tal sitplakken nochris foars útwreide.

De Wilhelminatsjerke spile yn 'e Twadde Wrâldkriich in rol yn it ferset tsjin de besetter en krige nei de kriich de bynamme fan Fersetstsjerke. De brânskildere ramen mei de tema's skepping en werskepping waarden yn 1949 troch Wim Korteweg út Doardt makke. It roasfinster fan "De Siedder" boppe de tagong is fan deselde glesker en waard yn 1953 ynbrocht.

De tsjerke waard yn 1967 modernisearre.

Yn 2002 folge in restauraasje fan de tsjerke. By de restauraasje waard it ynterieur foar in diel modernisearre.

De 18e-iuwske oargelkas is oarspronklik ôfkomstich út in eardere katolike skûltsjerke yn de Mariënbornstrjitte. De ôfskieden gemeente naam it oargel yn 1842 oer en it ferhûze yn 1900 mei nei de Wilhelminatsjerke, dêr't it ynstrumint yn 1920 ferfongen waard troch in pneumatysk ynstrumint.

It tsjintwurdige oargel bestiet út it binnenwurk fan 'e yn de jierren 1980 sletten grifformearde Duyststraatkerk fan Rotterdam-Delfshaven, dat yn 1906 troch Bakker & Timmenga út Ljouwert boud waard. Dat oargel waard doe opslein en ferfong nei de restauraasje fan 2002 it oarspronklike ynstrumint fan J.J. van den Bijlaardt út 1920, dat troch wetterskea net mear brûkt wurde koe. It Bakker & Timmenga-ynstrumint waard yn 'e âlde oargelkas wer opboud en op 4 novimber 2005 yn gebrûk nommen.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: