De WilleWike is in projekt foar Frysktalige jongerein, dat ta doel hat harren entûsjast te meitsjen foar it Frysk en de Fryske kultuer. It is in kamp, dat elts jier hâlden wurdt yn de Folkshegeskoalle yn Hoarn op Skylge. Moarns krije de bern Fryske les, wêrby't ek in soad oandacht oan it skriuwen fan Frysk jûn wurdt. Middeis en jûns is der in rekreaasjeprogramma.

De WilleWike, dy't oant 2008 Skriuwwike hjitte, waard yn 2002 foar it earst hâlden, omdat neffens de doetiidske organisaasje op Fryske skoallen net genôch omtinken foar it Frysk wie. De earste edysje waard finansjeel stipe troch it Feitsma Fûns. Yn it earstoan waard de WilleWike organisearre troch ferskate stiftings en ynstellings, mar sûnt 2008 wurdt dat dien troch de spesjaal dêrfoar oprjochte Stifting Tsjille en Wille. De WilleWike wurdt subsidiearre troch de Provinsje Fryslân. Ek yn 2009, 2010, 2011, 2012 en 2013 wie der in WilleWike. En ek yn 2014 sil de wike wer hâlden wurde. Fan 27 april o/m 5 maaie yn de Folkshegeskoalle op Skylge.

Keppelings om utens bewurkje seksje