</noinclude> Willem Augustin (Amsterdam, 7 febrewaris 1923 - Snits, 31 oktober 2004) reedrider en alvestêdeleginde.

Willem Augustin
Reedrider
persoanlike bysûnderheden
echte namme Willem Augustin
bertedatum 7 febrewaris 1923
berteplak Amsterdam
stjerdatum 31 oktober 2004
stjerplak Snits
sportive ynformaasje
ûnderdiel Langebaan

Willem Augustin waard berne yn Amsterdam. Yn de rin fan de Twadde Wrâldkriich waard er omreden fan de Arbeitseinsatz nei Dútslân stjoerd te wurkjen. Nei de oarloch wurke er oant syn pinsjoen yn Amsterdam as metaalwurker. Hy wie in oertsjûge kommunist.

Hy waard ferneamd omdat er yn 1941 oer de Ofslútdyk fytste om mei te riden yn de Alvestêdetocht, neidat er de lêste trein fan Amsterdam nei Ljouwert mist hie. Augustin hat oan alle Alvestêdetochten sûnt 1941 meidien, mar ien net útriden. Hy hie acht krúskes.

Hy wie syn libben lang mei sport dwaande. Fan de iepening fan de Jaap Edenbaan ôf wie Willem Augustin, of foar Amsterdammers Ome Willem, dêr aktyf as reedrydtrener. Fierder die er oan boksen, oan fytsen en oan rugby, en letter oan rôltsjeriden.

Nei syn pinsjoen yn 1989 en it ferstjerren fan syn frou ferfarde er yn 1990 nei Hylpen. Hy wenne dêr tichtby it Earste Fryske Redensmuseum, dêr't er ek aktyf wie as frijwilliger. Syn ienige soan wie om 1977 ferstoarn.[1]Hy wie stoppe mei de oare sporten, mar die hieltiid noch oan reedriden en rôltsjeriden, en wie dêrby hieltiid noch aktyf as trener. Augustin rekke twa wiken foar syn dea slim ferwûne by in ûngelok yn 'e hûs; hy rekke nei it Antoniussikehûs yn Snits, dêr't er op 'e âldens fan 81 jier ferstoar.

It Frysk Redenssmuseum wijde yn 2005 in tentoanstelling oan Augustin.[2] Yn de Amsterdamske nij te bouwen wyk Laan van Spartaan is yn 2007 in strjitte nei Augustin neamd , de Willem Augustinstraat.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 'Te Korte Benen', Ljouwerter Krante, 25 maaie 2002
  2. Exposities, Ljouwerter Krante, 24 febrewaris 2005