Willem Bergsma
Willem Bergsma (1706 - 1774) wie grytman fan East-Dongeradiel en deputearre fan Fryslân en dykgraaf. As handich politikus krige er letter de bynamme fan “de grutte kûper”, troch yn twa gritenijen tagelyk it stimrjocht oerlaapje te litten en by elkoar te hâlden.
Yn it tsjerkje fan Jouswier hingje trije grutte roubuorden: ien fan Willem en ien fan syn frou Remelia Schik, (1714 - 1792). Op syn wapen steane bargen ôfbylde en hawwe de tsjerke de bynamme ‘bargetsjerke’ besoarge.
Yn de herfoarme Sint-Benediktustsjerke fan Dantumawâld komme twa wapens fan Bergsma en Schik foar. Dat fan Bergsma jout trije bargen, 2:1 setten. It wapen fan Schik jout in strûk mei fiif roazen, rjochts twa en links trije, wêrfan de ûnderste links yn 'e knop is en de oaren bloeie. Mooglik in jefte fan har oan harren soan mr. P.A. Bergsma.