Willem Claess. Heda
Willem Claessoan Heda (1594 - ±1680) wie in keunstskilder út de Gouden Iuw dy't him spesjalisearre yn it skilderjen fan stillibbens.
Libben
bewurkje seksjeHeda wurke yn Haarlim en wie dêr haad fan it Sint Lucasgilde en hie oare iepenbiere funksjes, mar fierders is der net folle bekend oer syn libben. Ien fan syn learlingen wie syn soan, Gerrit Willems Heda, en faaks ek Pieter de Ring. Hy wie in tiidgenoat en freon fan Dirck Hals.
Wurk
bewurkje seksjeHeda wie master yn it werjaan fan de stofútdrukking fan de dingen. Faak hawwe syn komposysjes in trijehoekige opset, mei it heechste punt oan ien kant fan it doek. Heda brûkte net safolle kleur yn syn wurk, guon neame it wat monogroom. De stillibbens wurde wol oantsjut mei de term banketjes. Yn dat opsicht wurdt er wol fergelike mei Pieter Claess.. Heda brûkte ek faak deselde foarwurpen yn syn skilderijen.
Der binne sa'n 70 wurken fan Heda bekend, dy't ûnder oaren yn it Ryksmuseum yn Amsterdam, yn Museum Boijmans Van Beuningen yn Rotterdam, en in it Museum foar Skoandere Keunsten yn Gint te finen binne.
-
Moarnsiten (1631)
-
Nachttafel (1637)
-
Stillibben (1629)
-
Stillibben (1634)
-
Stillibben (nei 1640)
-
Stillibben mei fleis (1635)
-
Nature morte (1635)
-
Nature morte (1651)
Keppeling om utens
bewurkje seksjeOfbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Willem Claesz. Heda fan Wikimedia Commons. |