Willem Doorenbos (Dearsum, 28 maaie 1820 - De Haach, 18 febrewaris 1906) wie in Nederlânske skriuwer en letterkundige. Hy hie in soad ynfloed op de beweging fan de Tachtigers.

Willem Doorenbos
skriuwer
Portret fan Doorenbos troch Jan Toorop
Portret fan Doorenbos troch Jan Toorop
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 28 maaie 1820
berteplak Dearsum
stoarn 18 febrewaris 1906 (85 jier)
stjerplak De Haach
wurk
taal Nederlânsk
bekendste
  wurk(en)
Handleiding tot de Geschiedenis der Letterkunde

Libben en wurk

bewurkje seksje

Hy wie in soan fan in predikant dy't al yn 1827 stoar; syn mem Martha Doorenbos, berne Liefsting, fêstige har doe foar de opfieding fan de bern yn Grins, dêr 't Willem doe't er sân wie op skoalle dien waard by master Rijkens. Al op syn 12e koe er nei 't gymnasium ta.

Doorenbos studearre klassike en easterske talen yn Frjentsjer en Leien en promovearre op in dissertaasje oer Sofokles (de Moribus Creontis qualem descripsit Sophocles). Fan 1865 oant 1884 dosearre er Nederlânsk en skiednis oan in HBS yn Amsterdam. Hy wie dêr learaar fan ûnder oaren Jacques Perk, Willem Kloos, Frank van der Goes en Albert Verwey, dy 't koart dêrnei ta de beweging fan de Tachtigers hearre soene. Doorenbos foel op troch syn ûnôfhinklik oardiel, syn frijsinnige humanistyske oertsjûgingen en syn polemysk fermogen fol fjoer. It " Nieuw Nederlandsch Biografisch Woordenboek" seit oer him: "Doorenbos was een man van buitengewone talenten, thuis in oude en nieuwe letteren als weinigen. Zij die hem gekend hebben in de bruisende kracht van zijn leven, zullen niet licht zijn geestige kop met de fijne gelaatstrekken en gloedvolle ogen vergeten. Bescheiden in zijn optreden, was hij een vijand van aanmatiging en uitwendig vertoon, een vriend van al wat waar was, eenvoudig en echt".

Doorenbos wie tige populêr ûnder syn learlingen, dêr't dus ferskate leden fan lettere Tachtigers by wiene, op waans opstannige fernijingsdrang er fan grutte ynfloed wie. Foar guon fan harren soe er in soarte fan mentor wurde. Oars wie syn ynfloed mear basearre op syn persoanlikheid as op syn gedachteguod. Opfallend is bygelyks syn ôfwizing fan it naturalisme, wylst dy streaming troch de Tachtigers al gau omearme wurde soe.

Doorenbos skreau teffens krityske artikels yn ferskate tydskriften, lykas De Nederlandsche Spectator (ûnder it pseudonym Keerom), wykblêd De Amsterdammer en letter De Nieuwe Gids. Syn wichtichste wurk wie de twadielige Hantlieding ta de Skiednis fan de Letterkunde (1869, 1873; twadde printinge 1883 -1885). Hy skreau ek in stúdzje oer Petrarca.

Doorenbos syn learlingen mochten him graach lije, mar ûnder in soad fakgenoaten wie dat krekt oarsom. Sadwaande krige er gjin professoraat yn Amsterdam en letter yn Leien.

Hy ferstoar yn 1906, 85 jier âld.

Keppelingen om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: