De Nieuwe Gids (Nederlânsk tydskrift)
De Nieuwe Gids, útjûn troch W. Versluys yn Amsterdam, wie in Nederlânsk tydskrift. it blêd ferskynde foar it earst op 1 oktober 1885 en wie de sprekbuis fan de literêre Beweging fan Tachtich.
Skiednis
bewurkje seksjeDe oprjochters, earste redakteurs en eigners fan De Nieuwe Gids wienen:
- Frederik van Eeden (1860-1932)
- Frank van der Goes (1859-1939)
- Willem Kloos (1859-1938)
- Willem Paap (1856-1923)
- Albert Verwey (1865-1937)
De jonge skriuwers en dichters dy't om 1880 yn Amsterdam de letterkundige feriening Flanor oprjochten, wienen net tefreden oer it doetiidsk literêre klimaat. Sy moasten neat hawwe fan de rimelderij fan boargerlike dûmnydichters lykas Nicolaas Beets, Bernard Ter Haar, J.J.L. ten Kate en Eliza Laurillard, dêr't religy en it hûslike as idealen yn besongen waarden. Dat sy rjochten in eigen tydskrift op. De namme De Nieuwe Gids waard keazen om dúdlik te meitsjen dat it âlde tydskrift De Gids harren neat mear sei. De Nieuwe Gids wie lykwols net allinne in tydskrift fan dichters en skriuwers, mar joech ek beskôgings oer wittenskip, maatskippij en polityk.
It earste nûmer fan De Nieuwe Gids befette ûnder mear in tal haadstikken út De kleine Johannes fan Frederik van Eeden. Ek lettere nûmers út de earste jiergongen hienen tal fan wichtige publikaasjes: De Kleine Johannes waard folslein opnaam, lykas ek Willem Kloos syn sonnetterige Het Boek van Kind en God en it earste boek fan Herman Gorters Mei (febrewaris 1889). Henriette Roland Holst (doe noch Henriette van der Schalk) debutearre yn 1893 yn de 5e ôflevering fan de 8e jiergong mei seis sonnetten.
Rillegau ûntstie der skeel yn de redaksje oer saken as keunst, polityk en etyk. De apolitike Willem Kloos woe fêsthâlde oan it adagium "L'art pour l'art" fan de Tachtigers. Voor de anderen was deze opvatting, die elke diepere bedoeling aan de kunst ontzegde, te nietszeggend. Willem Paap gie yn it jier út de rdeaksje. Tusken Lodewijk van Deyssel en Frans Netscher, dy't net yn de redaksje sieten, mar fan begjin ôf oan wol wichtich bydroegen, akkordearre it rillegau net meer. Yn 1890 hie ek Verwey syn nocht derfan. Pieter Lodewijk Tak kaam noch wol yn de redaksje, mar yn 1893 seinen Van Eeden, Van der Goes en Tak alle meiwurking oan it blêd op. Dat stuit, al nei acht jier, wurdt beskôge as it feitlik ein fan De Nieuwe Gids, al it tydskrift noch fyftich jier bestien.
De 'twadde' Nieuwe Gids
bewurkje seksjeNei it fuortgean fan de oare redakteuren gong Willem Kloos fierder mei De Nieuwe Gids oant syn dea yn 1938. It blêd bestie noch oant 1943. Mei it oarspronklike tydskrift hie it in protte mear te meitsjen. Yn de rin fan de jierren liet Kloos de lieding hieltyd mear oer oan syn Jeanne Reyneke van Stuwe, dy't fan 1900 oant 1908 yn de redaksje siet en dêrnei ek 30 jier meidogger bleau. Offisjeel siet hja net yn de redaksje, mar efter de skermen hie hja in soad ynfloed. Dat liet hja dúdlik blike yn 1929 mei in ûnberette publikaasje yn De Nieuwe Gids. It blêd publisearre tal fan besprekkings fan romans (fral fan frouljusauteurs) en berneboeken fan har hân.
Nei Kloos syn ferstjerren yn 1938 late hja de redaksje tegearre mei de nije eigner, de rike, nei Dútslân oerhingjende en antisemityske publisist Alfred Haighton. Dy wie sûnt 1915 by it blêd belutsen en hy hie der earder al jild yn stutsen. Tsien dagen nei de dea fan Kloos kocht er De Nieuwe Gids foar 5650 gûne. Sa kaam it tydskrift, dat al jildkrapte hie, yn nasjonaalsosjalistysk farwetter. Doe't Haighton yn 1943 stoar, betsjutte dat de definitive ein fan De Nieuwe Gids. Der wienen doe noch 98 abonnees oerbleaun.
Literatuer
bewurkje seksje- Bernt Luger, Kees Nieuwenhuijzen, Harry G.M. Prick (makkers): De beweging van Tachtig, Schrijvers prentenboek 22, Amsterdam 1982.
- Hidde R. J. van der Veen, Eenheid en verscheidenheid; De Nieuwe Gids 1885-1894, yn: Bzzlletin 129, oktober 1985, s. 3-8.