Lodewijk van Deyssel

Karel Joan Lodewijk Alberdingk Thijm (Amsterdam, 22 septimber 1864Haarlem, 26 jannewaris 1952), bekend ûnder it pseudonym Lodewijk van Deyssel, wie in Nederlânsk skriuwer.

Lodewijk van Deyssel
persoanlike bysûnderheden
berop skriuwer, literatuerkritikus
lân Keninkryk fan de Nederlannen
geslacht man
berne 22 septimber 1864
berteplak Amsterdam
stoarn 26 jannewaris 1952
stjerplak Haarlim
famylje
heit Joseph Albert Alberdingk Thijm[*]
bruorren en susters Catharina Louisa Maria Alberdingk Thijm[*]
Portret fan Lodewijk van Deyssel yn ‘e âldens fan 29 jier, troch Jan Veth (1893)

Thijm wie lid fan de famylje Alberdingk en soan fan de skriuwer, dichter, boekhanneler en útjouwer Joseph Alberdingk Thijm (1820-1889) en Wilhelmina Kerst (1824-1894). Yn 1887 boaske er mei Catharina Horyaans (1864-1941), fan wa’t er yn 1918 skiede. Ut dat houlik waarden twa soannen en ien dochter berne.

Libben en wurk

bewurkje seksje
 
Van Deyssel (1882)

De jonge Alberdingk Thijm brocht in part fan syn jonkheid troch op it katolike jongesynternaat Rolduc. Mei ûnder oaren Willem Kloos, Frederik van Eeden, Herman Gorter en Albert Verwey behearde Lodewijk van Deyssel ta de Beweging fan Tachtich (de Tachtigers). De earste publikaasje fan syn hân De Eer der Fransche Meesters ferskynde yn 1881 yn it tydskrift fan syn heit Dietsche Warande. Yn de perioade 1882-1889 wurke er mei oan it wykblêd De Amsterdammer. Yn 1885 waard it literêr tydskrift fan de Tachtigers De Nieuwe Gids oprjochte, dêr’t er oan mei wurke. Hy kaam lykwols net yn ‘e redaksje. Nei oanlieding fan in rûzje mei Frans Netscher, dy’t geregeldwei publisearre yn dat tydskrift, skreau Van Deyssel yn 1886 de brosjuere Over literatuur. Tegearre mei Albert Verwey rjochte er yn 1894 it Tweemaandelijks Tijdschrift op en bleau dêrfan redakteur nei de fuortsetting fan dat tydskrift ûnder de namme De Twintigste Eeuw. Yn 1905 rjochte er de “Vereniging van Letterkundigen” op.

Ynearstenoan wie er sterk oanlutsen ta it Frânsk naturalisme, mar yn De dood van het naturalisme (1891) kearde er him fan dy streaming ôf. Letter rjochte er him mear ta mystike libbenswearden. Hy stiet bekend om syn flymskerpe en iroanyske kritiken.

Syn bekendste wurken binne: Een Liefde (1887), de Rolduc-roman De kleine republiek (1889), Blank en geel (1894) en Het leven van Frank Rozelaar (1911). Under it pseudonym A.J. publisearre er Multatuli (1891) en J.A. Alberdingk Thijm (1893). Een Liefde is ien fan de earste - slagge - Nederlânske naturalistyske romans. Van Deyssels tiidgenoaten wiene skokt trochdat er yn dat boek in - mei literêre byldspraak toansette - seksueel kleure ûnderfining fan it haadfiguer Mathilde beskriuwt. De roman beheart ta de klassikers fan de Nederlânske literatuer. Yn 1996 ferskynde de 14e printinge.

De besoarger fan in soad fan Van Deyssels wurken is Harry G.M. Prick, dy’t ek de twadielige biografy fan Van Deyssel skreau.

 
Omslach fan Over literatuur (1886)
  • 1886 - Over literatuur
  • 1887 - Een liefde
  • 1889 - De kleine republiek
  • 1891 - De dood van het naturalisme
  • 1891 - De zwemschool
  • 1891 - Menschen en bergen
  • 1891 - Multatuli
  • 1893 - J.A. Alberdingk Thijm
  • 1894 - Blank en geel
  • 1895 - Prozastukken
  • 1895 - Van Zola tot Maeterlinck
  • 1896 - Caesar (werprinte yn Verzamelde Werken, VI)
  • 1904 - Kindleven
  • 1908 - Verbeeldingen
  • 1911 - Het leven van Frank Rozelaar (yn 1958 kompleet, yn 1982 op ‘e nij besjoen)
  • 1923 - Werk der laatste jaren
  • 1924 - Gedenkschriften
  • 1929 - Nieuwe kritieken
  • 1950 - Aantekeningen bij lectuur

Keppelings om utens

bewurkje seksje