Willem Philippe (Wim) de Bie (De Haach, 17 maaie 1939 - De Haach, 27 maart 2023) wie in Nederlânsk kabaretier, skriuwer en sjonger.

Wim de Bie
artyst en/of kabaretier
Wim de Bie (2010)
Wim de Bie (2010)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Willem Philippe de Bie
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 17 maaie 1939
berteplak De Haach
stoarn 27 maart 2023
stjerplak De Haach
wurkpaad
wurksum as kabaretier,
skriuwer,
Sjonger
medium Radio,
Telefyzje
jierren aktyf 1960-20??

De Bie wie fral bekend as part fan it duo Van Kooten en De Bie, dat er foarme mei Kees van Kooten en wêrmei't er lange tiid programmas makke foar de VPRO-telefyzje. Se krigen kunde oan elkoar op it Dalton Lyceum yn Den Haach, dêr't sy tegearre in kabaretprogramma hiene, it kabaretensemble: Cebrah. It earste programma hjitte G.Rapsgewijs; it twadde Te hooi en te grap.

Om't sy allebeide learaar wurde woene, soene se nei harren eineksamen Nederlânsk studearje. De Bie stoppe der lykwols al gau mei. Yn 1961 gong er yn op in advertinsje fan de Nederlandse Radio Unie foar in oplieding ta radiokabaretier. Hy ferhûze fan Den Haach nei Amsterdam en gie dêr oan 't wurk by útjouwerij De Arbeiderspers om syn oplieding betelje te kinnen. Fjouwer jûnen yn de wike gie er nei Hilfertsom foar syn stúdzje en nei trije jier wie er diplomeare radiokabaretier. Noch deselde simmer (1963) waard er troch Co de Kloet frege om it radio-jongereinprogramma Multiplex te dwaan.

Tegearre mei Kees van Kooten makke er 14 kear in ''Bescheurkalender''. De Bie wenne lange tiid yn Bussum, mar is mids 2011 nei syn berteplak De Haach ferhuze. Hy wurke oant healwei maaie 2008 fral oan syn webloch Bieslog, mar is dêr mei ophâlden om romte te meitsjen foar nije plannen.

Op 4 maaie 2009 spriek Wim de Bie syn 4 maaie-foardracht "Raketten en onschuldige burgers" út by de Nasjonale Deadebetinking yn de Nieuwe Kerk te Amsterdam. De foardracht wie literêr fan karakter en beskôge it belang fan herinnerjen en betinken. Under oaren Harry Mulisch, Marga Minco en Remco Campert hawwe dizze foardracht yn eardere jierren hâlden.

Wim de Bie ferstoar op 23 maart 2023, yn 'e âldens fan 83 jier, oan de gefolgen fan de sykte fan Parkinson.

 
Wim de Bie en Kees van Kooten yn Hadimassa, 1970
  • 1969-1972: Hadimassa
  • 1972: Teleac-kursus Esperanto
  • 1972: Het Gat van Nederland en de oprjochting fan it Simplisties Verbond
  • 1980: Koot en Bie
  • 1981: Van Kooten en De Bie
  • 1989: Keek op de week
  • 1998: Sprekker: Wim de Bie
  • 1999: De Bunker fan De Bie
  • 1987: Meneer Foppe en het gedoe (ferhalen)
  • 1988: De boekcorner van... Goos Verhoef! (roman, de verzamelde lectuurkritieken van een tabakswinkelier)
  • 1988: Schoftentuig (ferhalen)
  • 1990: Morgen zal ik mijn mannetje staan (roman)
  • 1992: De liefste van de buis (roman)
  • 1994: Meneer Foppe in zijn blootje (roman)
  • 1995: Meneer Foppe over de rooie (roman)
  • 1997: Different koek! Wim de Bie's talkshowboek (ferhalen)
  • 2009: Meneer Foppe en de hele reutemeteut (ferhalen en bieslogstikjes)

Wim de Bie brocht in stikmannich solo-CD's út.

  • 1984: De Bie zingt (allinne útbrocht as LP)
  • 1990: De Bie zingt a capella (CD ferzje mei mear nûmers dan de LP)
  • 1996: De fluiten van ver weg: De wereldmuziek der Cananefaten
  • 1997: Marylou (single; B-nûmer: Het valt wel mee)

De Bie hold sûnt 2001 in webloch by op it webstee fan de VPRO. It webloch, Bieslog neamd, bestie ûnder oaren út reaksjes op it deistich nijs en út eigen bydragen oan radioprogrammas. Op 13 maaie 2008 makke De Bie (foarearst) in ein oan syn Bieslog.

  • 1974 Sulveren Nipkowskiif foar it Simplisties Verbond
  • 1977 Nipkowskiif foar it Simplisties Verbond
  • 1985 Eare-Nipkowskiif foar it Simplisties Verbond
  • 1990 Henriëtte Roland Holst-priis, foar it boek Schoftentuig
  • 2005 Sulveren Prichettpriis foar de bêste multimediale presintaasje foar Bieslog
  • 2006 Earfolle fermelding publykspriis Best of Blogs[1]
  1. TheBobs.com

Keppeling om utens

bewurkje seksje