Winningen
Winningen is in plak en gemeente yn 'e lânkring Mayen-Koblenz yn 'e Dútske dielsteat Rynlân-Palts. It plak heart by de ferbânsgemeente Rhein-Mosel, dat fanút Kobern-Gondorf wurdt bestjoerd. Winningen is in troch de dielsteat erkend toeristysk sintrum.
Winningen | ||
![]() | ||
De protestânske tsjerke. | ||
Emblemen | ||
![]() | ||
Bestjoer | ||
Lân | ![]() | |
dielsteat | ![]() | |
lânkring | Mayen-Koblenz | |
ferbânsgemeente | Rhein-Mosel | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 2.447 (31.12.2023) | |
Oerflak | 6.65 km² | |
Befolkingsticht. | 368 ynw./km² | |
Hichte | 79 m | |
Oar | ||
Postkoade | 56333 | |
Koördinaten | 50° 18' N 7° 31' E1 | |
Offisjele webside | ||
www.winningen.de | ||
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeOp 'e Winninger Berg binne de resten fan in Romeinsk hûs te sjen, mar archeologysk ûndersyk om de tsjerke hinne hat útwiisd dat Winningen al mear as 3000 jier bewenne wurdt.
Doe't yn 1551 de wynbou in tige rike rispinge joech, dielde de lienhear de oerfloed mei it folk troch in grut feestmiel. It waard it earste wynfeest fan Dútslan. It âldste wynfeest fan Dútslân wurdt oan 'e ein fan augustus en it begjin fan septimber fierd en duorret tsien dagen. Dêrmei is it ek it langste wynfeest oan 'e Mûzel.
Winningen is in protestânske enklave yn in fierders roomske omjouwing. Yn 1557 waard hjir troch de greven fan Sponheim de reformaasje ynfierd, dy't it hearskip oer Winningen troch ferervjen krige hiene. Sûnt is de tsjerke in protestânsk gebou. De tsjerke hat in romaanske toer, mar waard neitiid ferboud en ferhege. De katolike Martinustsjerke is in neoromaanske bou út 1852.
By de hekseferfolgingen waarden yn Winningen tusken 1630 en 1661 21 manlju en froulju ferbrând. Foar de slachtoffers stiet op 'e Hexenhügel, it plak dêr't de fan hekserij beskuldige lju terjochtsteld waarden, in ienfâldich monumint.
Tradisjoneel foarmet de wynbou yn Winningen in wichtich middel fan bestean. Benammen nei de Twadde Wrâldkriich ûntwikkelde it toerisme yn Winningen him ta in faktor fan betsjutting.[1]
Persoanen
bewurkje seksje- August Horch (berne op 12 oktober 1868 yn Winningen; ferstoarn op 3 febrewaris 1951 yn Münchberg, Oberfranken); oprjochter fan 'e autofabriken Horch en Audi.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is foar in part in oersetting fan 'e Dútske Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: [1]
|