De Wite Nyl is in rivier yn Afrika dy't as de Viktorianyl út de Viktoriamar ûntspringt. De rivier streamt earst nei it noarden en dan nei it westen troch Uganda, dêrnei troch de Kyogamar en de Albertmar. Dêrnei wurdt de rivier wol de Albertnyl neamd en rint fierder nei it noarden, Súd-Sûdan yn by Nimule. Fan dat plak ôf oan hjit de rivier ek wol de Berchnyl. De rivier hat dêrnei in tal streamfersnellings en streamt oer de Sûdanflakte troch de sompen fan Sudd de Nomar yn. Earst fan dat plak ôf hjit de rivier feitlik Wite Nyl. Dêrnei rint de rivier fierder nei it noarden en komt dan by de stêd Kartûm yn Sûdan yn de Blauwe Nyl út om tegearre de Nyl te foarmjen.

Wite-, blauwe- en eigentlike Nyl

Fan de Victoriamar ôf oant Kartûm hat de Wite Nyl in lingte fan sa'n 3700 kilometer. It sykjen nei de boarne fan de Nyl yn de 19e iuw rjochte him fral op de Wite Nyl.

Keppeling om utens

bewurkje seksje