Blauwe Nyl
De Blauwe Nyl is in rivier yn Afrika dy't streamt troch de lannen Etioopje en Sûdan. Hy ûntspringt yn de Tanamar op it Etiopyske plato. It nivo fan de mar is 1788 meter heech. De kleau dy’t de Blauwe Nyl yn de Etiopyske heechflakte útsliten hat, is sa’n 1400 meter djip. De rivier is likernôch 1600 kilometer lang. By de stêd Kartûm foarmet de Blauwe Nyl mei de Wite Nyl de Nyl. Dy tûke fan de Nyl wie ferantwurdlik foar de jierlikse oerstreaming fan de Nylbank yn Egypte. Alle kearen waard in fruchtbere laach modder ôfsetten. Hjoed-de-dei bliuwt dy modder stykjen efter de Aswandaam. Hoewol’t de Blauwe Nyl der ek wol ris foar soarge dat de Nyl oerstreamde, is er benammen de drain foar wetter. Sa’n 72 persint fan it wetter fan 'e Nyl komt út de blauwe tûke.
Namme
bewurkje seksjeDe Namme is in rûge oersetting fan it Arabyske wurd Azraq, dat njonken blau ek donker betsjut. De donkere kleur fan de Blauwe Nyl komt troch in soad fyn materiaal fan de boaiem dat yn it wetter oplost is. Dat materiaal is út de heechflakte fan Etioopje ôfkomstich. Sokke sweevjende dieltsjes meitsje dat it oerflak ‘’skean derop del sjoen’’ wyt liket en de Blauwe Nyl ta de Wytwetterrivieren rekkene wurdt.
Grutte Renêssânse Daam
bewurkje seksjeYn 2010 begûn Etioopje mei de bou fan de Grutte Renêssânse Daam. De daam hat in wetterkrêftsintrale mei in kapasiteit fan 6000 megawatt stroom, de grutste fan it lân. Efter de daam is in grut reservoir fan 1.800 kante kilometer mei in opfang foar 63 kubike kilometer oan wetter. De twa lannen streamôf de daam - Sûdan en Egypte binne beide tige ôfhinklik fan it wetter fan ‘e Nyl - hawwe protestearre tsjin de bou, mar in oerienkomst tusken de trije lannen kaam der earst yn maart 2015.
De boarne
bewurkje seksjeDe syktocht nei de boarne fan de Nyl yn de 19e iuw wie benammen rjochte op de Wite Nyl. In soad kristenen en moslims meitsje krekt in pylgertocht nei de boarne fan de Blauwe Nyl.