Wite skimmel
Wite skimmel is in term dy't yn 't earstoan brûkt waard foar nijbouwprojekten mei fan wite stien boude huzen oan de râne fan doarpen. It is no ek in bredere oantsjutting foar bebouwing op it plattelân, lykas bedriuweterreinen, dy't net past by it oarspronklike bebouwingspatroan en dat oantaast sa't in skimmel dat docht. Wite skimmel tsjut op in boustyl fan sokke nijbouwiken dy't sûnder identiteit, ientoanich en sûnder kleur binne.