Wobbingastate
Wobbingastate of Wobbemastate wie in state in eintsje benoarden Weidum yn de gemeente Baarderadiel, no Littenseradiel.
In stins mei de namme Wobbinga wurdt foar it earst neamd yn 1347. Op dizze stins moat Wibrandus Wobbinga, 15e abt fan it kleaster Lidlum (fan 1347 - 1351) berne wêze. De stins hearde destiids ta oan dit kleaster. Under it bewâld fan abt Thetardus (1386-1422) is dizze úthof troch de Skieringer edelman Sikke Sjaerda swier skansearre. Abt Thetardus hie nammentlik in stins boud op Miedum ûnder Tsjom, tige tsjin it sin fan de Sjaerdema’s, dy't gjin fersterke huzen neist harren besit hawwe woenen fan dit machtige kleaster dat yn de Fetkeaperske duchtich meifocht yn de ûnderlinge twisten. Ut wraak waard yn 1389 it kleaster plondere en yn de brân stutsen en mei in oantal úthôven fan dit kleaster gie it krektlyk. Ek Wobbingastate moast dit lot ûndergean. Yn de 18e iuw is it goed yn dielen ferkocht, wylst de stinswier letter ôfgroeven is.
Bewenners
bewurkje seksje- 1347 - 1351 Wibrandus Wobbinga, 15e abt fan it kleaster Lidlum
- 1386 - 1422 abt Thetardus
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|