De woffer of lytse reiddomp (Ixobrychus minutus) is in fûgel út de famylje fan de reagerfûgels of reagers. Hoewol't de woffer earder geregeldwei yn Fryslân ta brieden kaam, is er tsjintwurdich benammen troch it ferdwinen fan de biotoop in seldsume ferskining.

woffer
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift pilekaaneftigen (Pelecaniformes)
famylje reagerfûgels (Ardeidae)
skaai woffers (Ixobrychus)
soarte
Ixobrychus minutus
Linnaeus, 1766
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet
     stânfûgel
     simmerfûgel
     wintergast

Foarkommen bewurkje seksje

De woffer is mei syn heechút 40 sm lingte en spanwiidte fan 40-58 sm, de lytste hjir foarkommende reagersoart. Se hawwe in koarte nekke. It mantsje hat in swarte rêch, swarte flerken mei yn it midden in grut wyt fjouwerkant. It wyfke is wat bruner, sawol op de rêch as op de flerken, mei in ljochtbrún fjouwerkant ynsté fan wyt. De jongen fan de Woffer hawwe ynearsten in brún/wyt skutkleed. (sjoch foto)

Biotoop bewurkje seksje

De woffer hat in foarkar foar sompige reidfjilden, by foarkar mei in fariaasje yn de vegetaasje: reid, oare wetterminnende planten en beamme-opslach dêr't er maklik en beskûle oan syn miel fan ynsekten, fiskjes, kikkerts en salamanders komme kin.

Spesifyk gedrach bewurkje seksje

De woffer klauteret en klimt troch de reidfjilden. It mantsje makket (benammen) yn de maaitiid in blaffend lûd, dêr't er sûnder mis syn Fryske namme oan te tankjen hat.

Undersoarten bewurkje seksje

Der binne 4 ûndersoarten:

  • Ixobrychus minutus minutus (Linnaeus, 1766). Jeropa, Aazje, Noard-Afrika (trekker).
  • Ixobrychus minutus payesii (Hartlaub, 1858). Saharagebiet, Afrika (standfûgel).
  • Ixobrychus minutus podiceps (Bonaparte, 1855). Madagaskar, (standfûgel).
  • Ixobrychus minutus dubius (Matthews, 1912). Austraalje, Nij Ginea, (standfûgel), wurdt tsjinwurdich as aparte soarte "Australyske woffer" (Ixobrychus dubius) besjoen.

Ek de útstoarne Nij-Seelânske woffer (Ixobrychus novaezelandiae) waard earder beskôge as in ûndersoart fan de Woffer.

 
Aaien fan 'e woffer.