De Wolter Jagerswyk is in sleat yn de gemeente It Hearrenfean. Der rinne in soad wiken yn dit gebiet. De wyk rint fan de westkant fan Jobbegea rjochting de Skoatterlânske Wei nei de Leidyk. De Wolter Jagerswyk rint bylâns de wat eastliker rinnende Koopmanswyk.

In wyk is in fan de haadfeart ôfgeande lytsere feart om turf ôf te fieren.

De namme Wolter Jagerswyk jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Wolter Jagerswijk.