Worp fan Ropta (1504-1551)
(Trochferwiisd fan Worp fan Ropta (1505))
Worp fan Ropta (1504 - 28 novimber 1551) wie grytman fan East-Dongeradiel (1542).
Worp wie in soan fan Focke fan Ropta († 4 july 1512) en Graets fan Eysinga († 24 juny 1512).
Worp fan Ropta wie grytman fan East-Dongeradiel (1542); 23 jannewaris 1550 waard er olderman fan Dokkum en yn 1550 wie er folmachtigde op 'e lânsdei.
Worp wie troud mei Bieuck Aebinga fan Humalda fan Blije († 3 july 1535). In dochter fan harren, Cnier of Cunera, troude mei Christoffel fan Sternsee.
Worp is letter wer troud mei Anna, dochter fan steedhâlder Georg Schenk fan Toutenburch.
-
Grêfsark fan Worp fan Ropta en Bjuck Aebinga fan Humalda yn de tsjerke fan Mitselwier.
-
Sark mei portretten fan Cunera fan Ropta en Christoffel fan Sternsee yn de tsjerke fan Mitselwier.
-
Byldhoude liuw mei it wapen Fan Ropta.
-
Epitaaf yn de Martinitsjerke yn Frjentsjer foar Carel fan Sternsee, soan fan Christoffel en Cunera, mei it wapen fan Ropta.