Wrâldreligy
In wrâldreligy of wrâldgodstsjinst is in religy wêrfan't de leauwenden oer in grut part fan 'e wrâld ferspraat libje. Faak wurdt mei dizze oantsjutting inkeld ferwiisd nei de fiif 'grutte' religyen: kristendom, islaam, hindoeïsme, boedisme en joadendom. De kwalifisearring 'grut' is relatyf: it joadendom hat folle minder oanhingers as de oare fjouwer, hoewol't de joaden wol oer de hiele wrâld ferspraat libje. It beheinen fan 'e term 'wrâldreligy' ta dizze fiif religyen is lykwols frij arbitrêr. It Sineesk universalisme hat bgl. folle mear oanhingers as it joadendom, en it bahaïsme hat in fersprieding dy't teminsten like grut is. Foar it sikhisme jildt dat it sawol mear oanhingers as in like grutte fersprieding hat as it joadendom.
Yn 'e godstsjinstwittenskip wurdt de term 'wrâldreligy' op in oare manear brûkt, nammentlik as ien fan 'e trije kategoryen dêr't alle religyen by yndield wurde. De oare beide, dy't njonken de wrâldreligyen pleatst wurde, binne de lânseigen religyen (it heidendom en de natoerreligyen) en de nije religieuze bewegings. Sadwaande komme ek lytsere en minder fersprate religyen ûnder de wrâldreligyen te fallen, om't dy it naust oan 'e wrâldreligyen besibbe binne. Men kin dan tinke oan it samaritanisme fan 'e Samaritanen en it jezidisme fan 'e Jezidys. It is dêrom foar de dúdlikheid miskien better om te sprekken fan 'wrâldreligyen en besibbe religyen'.
De wrâldreligyen wurde yn 'e wittenskiplike kontekst fierder opdield yn:
De abrahamityske religyen binne de religyen dy't weromgeane op 'e aartsfaar Abraham, lykas it joadendom, it kristendom en de islaam, mar ek it samaritanisme, it mandeïsme en it bahaïsme. De Iraanske religyen binne it soroästrisme, it jazdânisme en ferskate útstoarne godstsjinsten, lykas it manigeïsme. Under de Yndyske religyen ferstiet men it hindoeïsme, it boedisme, it jaïnisme en it sikhisme. En de Eastaziatyske religyen binne it Sineesk universalisme, it konfusianisme, it taoïsme en it sjintoïsme.
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |