Wybrand fan Itsma
Wybrand fan Itsma (doopt yn Ljouwert, 15 desimber 1693 - Harns, 10 juny 1759) wie in jurist-politikus.
Biografy
bewurkje seksjeFan Itsma (ek: Fan Ytsma) wie in soan fan Feyo fan Itsma en Anna Margarita fan Elvervelt. Hy boaske yn 1739 oan Maria Boef, telch út in skippersfamylje út East-Flylân. Sy wenne yn Amsterdam en wie widdo fan Jacobus de Graaff en Johannes Salomon Rosthuijser. Sy krigen gjin bern.
Fan Itsma studearre rjochten oan de Universiteit fan Frjentsjer, waard abbekaat yn Ljouwert en lid fan de froedskip fan Dokkum tusken 1739 - 1747. Dêrnei waard er boargemaster fan Harns (1747 - 1759). Hy hearde ta de oranjegesinden en wie in freon fan steedhâlder Willem IV fan Oranje-Nassau, mei wa't er ek korrespondearre. Hy brûkte it biedwurd: Virtute ac patientia: 'troch deugd en geduld'. As ordinaris lid fan de Steaten-Generaal fan de Nederlannen wie er ûnder mear belutsen by de ûndertekening op 8 augustus 1753 fan in hannelsferdrach mei it keninkryk Napels. In by gelegenheid fan de ûndertekening makke skilderij lit Fan Itsma sjen mei ûnder oaren riedpinsjonaris Pieter Steyn, Willem Bentinck, mr. Jan Daniel d'Ablaing en Hendrik Fagel, griffier fan de Steaten-Generaal.
Fan Itsma soar yn 1759; hy waard 65 jier. In part fan syn bibleteek waard yn 1760 oerbrocht nei de steedhâlderlike biblioteek yn De Haach en beheart hjoed-de-dei ta de kolleksje fan de Keninklike Biblioteek.
Wurk
bewurkje seksje- Jagtpraetje ofte discours tusschen een Groeninger, een Dockumer en twee Zeeuwse Heeren, over de verhandeling van de vrijheid in den burgerstaat (1737) Ljouwert: printer Tobias fan Dessel.
- Jagt-praetje ofte samenspraak tusschen een Leyenaar, een Groeninger en een Franeker, - over de oude en hedendaegse gesteltheit van de Nederlandsche Republiek. (1738) Twadde stik. Ljouwer: Tobias fan Dessel.
- Jagt-praetje ofte discours gehouden tusschen een Groeninger, Amsterdammer en Harlinger, over de hedendaagsche levensbeschrijvingen der Princen van Oranjen, Hollandsche Keurdichten, de vryheit in den burgerstaat, enz. (1738) Tredde stik. Ljouwert: Tobias fan Dessel.
- Schuite-praatje ofte samenspraak tusschen drie Heeren, met de schuit reisende van Amsterdam na den Haag, welke aan malkander haar geboorteplaats, sentimenten en liefhebberij ontdekken enz. Dit boek waard wol te'n ûnrjochte taskreaun oan syn freon Epo Sjuck fan Burmania. Nei alle gedachten binne ek inkele anonime geskriften fan syn hân.
- Schuite-praatje ofte samenspraak tusschen vier Heeren, met de schuit reisende van Leeuwarden na Groningen, over menschen, saaken en boeken van deese tijt.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|