Wyk fan de Fjirdeparten
De Wyk fan de Fjirdeparten (Stellingwerfsk en offisjeel: Wiek van de Vierdepatten) is in feart op de grins fan de gemeenten Eaststellingwerf en Weststellingwerf. De wyk is de grins mei de bosk Boschoord east fan Boyl en west fan Elslo.
De namme Wiek van de Vierdepatten jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Kolonievaart.