Wyldemerk (buorskip)

plak yn Gaasterlân-Sleat

De Wyldemerk is in buorskip ûnder Harich en ticht by Kippenburch yn Gaasterlân. Noch yn de 19e iuw wie hjir in hynstemerk en merke, wurdt wol yn ferbân brocht mei in heidensk feest.

P. fan Gemmenich (1746) ferstiet lykwols yn in gedicht ûnder in wyldemerk: 'it setten fan in soad tinten op it fjild' by in doarpsmerke. Oan de Wyldemerk fan Kippenburch is in goalera-leginde ferbûn, troch Douwe Tamminga dichterlik bewurke.

Tusken Kippenburch en Riis wie nei de Twadde Wrâldoarloch in ambonezekamp 'Wyldemerk' fan 312 sielen, mei in eigen moskee. Yn de buert stie it kleaster Spitaal.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: