Wynmotor Nijeholtpea

De Wynmotor Nijeholtpea wie in poldermole by it doarp Nijeholtpea yn de gemeente Weststellingwerf. De mole wie in middelgrutte Amerikaanske wynmotor, wêrfan it boujier ûnbekend is.

De wynmotor yn 2007

De wynmotor stie net fier fan de Tsjonger ûngefear oardel kilometer noardwestlik fan Nijeholtpea.

Hy wie net mealree en net te besichtigjen. Yn 2008 wie de mole al tige yn ferfal. De mûne soe yn 2014 net mear bestean. By in ferifikaasje op de lokaasje yn 2018 die bliken dat der neat mear fan de mûne oer wie.[1]

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: