Wynmotor Nijetrine 2

De Wynmotor Nijetrine 2 is in poldermole by it doarp Nijetrine yn de gemeente Weststellingwerf.

De Wynmoter Nijetrine 2 yn 2009

De mole is in Amerikaanske wynmotor mei in wynrêd fan 12 blêden en in diameter fan 3,5 meter, wêrfan it boujier ûnbekend is. Hy stiet ûngefear in kilometer benoarden Nijetrine op de súdlike ouwer fan de De Scheene yn it natoergebiet de Rottige Meente. De wynmotor is net-mealree en is net iepene foar publyk, al kin hy wol oant op inkele meters benei kaam wurde.

Noch gjin hûndert meter noardeastlik fan dizze mole stiet de Wynmotor Nijetrine 1.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: