Wynmotor Nijetrine 9

De Wynmotor Nijetrine 9 is in poldermole by it doarp Nijetrine yn de gemeente Weststellingwerf.

De wynmotor yn 2004

De mole is in Amerikaanske wynmotor mei in wynrêd fan 18 blêden, wêrfan it boujier net bekend is. Hy stiet tichtby in fûgelsjochhutte yn it súdeastlike diel fan it natoergebiet de Rottige Meente, wêr't Nijetrine middenyn leit. De wynmotor is net iepen foar 't publyk, mar kin wol oant op inkele meters benadere wurde.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: