Wytfeanster Feart
De Wytfeanster Feart is in feart yn de gemeente Tytsjerksteradiel, yn 'e himrik fan Eastermar. De feart rint fan de Seadwei súdwest fan De Harkema nei it súdwesten. It wetter rint west fan it buorskip It Wytfean yn de rjochting fan De Leien.
De namme Wytfeanster Feart jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Witveenstervaart.