Wytnekkraanfûgel

(Trochferwiisd fan Wytnekke Kraan)

De wytnekkraanfûgel of wytnekkraan (Grus vipio) is in fûgel út de famylje fan de kraanfûgels dy't yn it Easten fan Aazje foarkomt.

wytnekkraanfûgel
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift kraanfûgeleftigen (Gruiformes)
famylje kraanfûgels (Gruidae)
skaai saruskraanfûgels (Antigone)
soarte
Antigone vipio
Pallas, 1811
IUCN-status: kwetsber
ferspriedingsgebiet
     stânfûgel
     simmerfûgel
     wintergast

De wytnekkraanfûgel is in 130 sm grutte fûgel mei in gewicht fan sa'n 5,6 kilogram. Hy sit hast hielendal griis yn de fearren. Allinnich op 'e skedel en fierder oer de nekke oant de rêch hat er wite fearren. Op syn gesicht hat er swart mei in reade râne om syn eagen. Fierder hat der opfallend rôze poaten.

Fersprieding

bewurkje seksje

De wytnekkraanfûgel briedt yn it noardeasten fan Mongoalje, it noardeasten fan Sina en oangrinzjende gebieten yn súdeast Ruslân. De fûgels oerwinterje súdliker yn Sina, Korea of op it eilân Kyushu yn Japan.

Lykas de measte Kranen ite dizze fûgels meast sompe- en wetterplanten en ek ynsekten en oare lytse dieren.

Fuortplanting

bewurkje seksje

De fûgels meitsje in nêst fan plantemateriaal op in drûch plak yn de sompen. It wyfke leit twa aaien dy't troch de beide âlden yn sa'n 28-32 dagen útbred wurde. De jongen komme foar it earst op de wjukken nei sa'n 70-75 dagen.

Keppeling om utens

bewurkje seksje