De wytpoatmûzen of echte hartemûzen (wittenskiplike namme: Peromyscus) foarmje in skaai fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e wrotmûseftigen (Cricetidae), de ûnderfamylje fan 'e Noardamerikaanske mûzen en rotten (Neotominae) en de tûke fan 'e hartemûzen (Reithrodontomyini).

Wytpoatmûzen
In hartemûs.
In hartemûs.
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme: wringedieren (Vertebrata)
klasse: sûchdieren (Mammalia)
skift: kjifdieren (Rodentia)
ûnderskift: mûzen en jerboä's (Myomorpha)
boppefamylje: mûzen en rotten (Muroidea)
famylje: wrotmûseftigen (Cricetidae)
(ynformeel): mûzen en rotten fan de Nije Wrâld
ûnderfamylje: Noardamerikaanske mûzen en rotten (Neotominae)
tûke: hartemûzen (Reithrodontomyini)
skaai: wytpoatmûzen (Peromyscus)
Gloger, 1841

Ta dit skaai hearre 55 soarten mûzen dy't foarkomme yn Noard- en Súd-Amearika, mar fral machtich binne yn 'e kontinintale Feriene Steaten. Hoewol't de wytpoatmûzen net mear as út 'e fierte besibbe binne oan echte mûzen (lykas de hûsmûs), lykje se der kwa postuer en lichemsfoarm tige op. De wittenskiplike namme Peromyscus komt fan it Gryksk foar "mûzen mei learzens oan", wat slacht op 'e ljochter kleure búk en poaten fan 'e soarten fan dit skaai. De bekendste en meast rûnom foarkommende soarten binne de hartemûs (Peromyscus maniculatus) en de wytpoatmûs (Peromyscus leucopus).

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.