Wyts Juwsma
Wyts Juwsma, ek Wyts Jongema (Rinsumageast, 1445 – dêre, 1519) wie in frou dy't in wichtige rol yn in famyljefete yn Boalsert spile hat.
Biografy
bewurkje seksjeWyts Juwsma waard berne op Juwsmastate as dochter fan haadling Wopcke Bauckes Juwsma en nei alle gedachten Sjouck Popckesdr fan Donia. Se hie ien broer, Pocke.
Yn har tiid spile de striid tusken de Skieringers en de Fetkeapers. De famylje Juwsma wiene Skieringers en har heit waard yn dy tiid fermoarde. Hy soe fermoarde wêze troch Lieuwe Jellinga en de buorman Worp Tjaarda. Har iennige broer Pocke waard in jier letter ek troch de soldaten fan Tjaarda deadien. En sa waard Wyts al jong mei it wrede fan it libben konfrontearre.
Wyts Juwsma hat trije kear troud west. Wyts Juwsma troude yn 1468 mei Juw Bockes Harinxma, in haadling út Snits; hy ferstoar yn 1472/1473. Sy hawwe út dat houlik ien dochter krigen, Luts. Dêrnei is Wyts troud mei Tjaard Juwinga. Hy wie de haadling fan Boalsert. Hy stoar yn 1479. Sy krigen in dochter en in soan, Goslick. Goslick wie noch mar in beuker. Dêrom krige Wyts it fâdskip, mar dêrby luts se neffens kronykskriuwer Pierius Winsemius ek it 'rjocht fan it gûvernemint' nei har ta. De measte leden fan de Boalserter ried en de ynwenners fan Boalsert woene har lykwols net ûnder 'de froulike hearskippij' fan Wyts deljaan. Hja besleaten om Juw Juwinga as regint oan te stellen oant Goslick mearderjierrich wie. Juw wie in folle neef fan Goslicks heit en kaam as neiste manlike sibbe dêrfoar as earste yn oanmerking. Hy hearde lykas it grutste part fan de Boalserters ta de partij fan de Fetkeapers.
Wyts waard yn it konflikt stipe troch hast alle geastliken fan de Martinytsjerke, dy 't har beneaming foar in belangryk part oan har ferstoarne man te tankjen hiene. Se socht ek stipe by Sicke Sjaarda, troud mei har âldste dochter Luts. Hy wie op dat stuit tegearre mei syn heit Douwe de machtichste Skieringer haadling yn Westergoa.
Der ûntstie skeel en Wyts Jongema moast de slach ferlieze. Op 22 febrewaris 1480 waard der yn de St. Maartenstsjerke in algemiene folksgearkomste holden oer de opfolging fan Tjaard Juwinga. De Fryske groniqueur Petrus fan Thabor wie dêr sels by oanwêzich. De beriedslaging einige yn in fijannige sfear en dêrnei stie Sicke Sjaarda, de broer fan Swob, foar de stedspoarten. Hy wist Boalsert yn hannen te krijen en syn troepen plonderen de stêd, dêrby oanmoedige troch Wyts, dy 't sein hawwe soe: gaat tot die huizen, eet ende drinkt daar; want dat zijn mijn vijanden. Doe kaam de boargerij yn opstân. De Frjentsjerters waarden ferdreaun, en Wyts moast de stêd ferklaaid ûntflechtsje.
Wyts wurdt yn de skiednisboeken delset as in kwea wiif. Dat hat sy foar in part te tankjen oan har rol yn rúzjes en konflikten.
As lêste boaske Wyts mei Botte Gabbes Holdinga, in Skieringer haadling yn East-Dongeradiel. Hy ferstoar yn 1498. Op 'e ein fan har libben kearde sy werom rjochting it Noard-Easten fan Fryslân.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |