Universiteit fan Yale

(Trochferwiisd fan Yale-universiteit)

De Universiteit fan Yale of Yale-universiteit (Yale University) is in heech oanskreaune partikuliere universiteit yn de Feriene Steaten.

Universiteit fan Yale
Yale Harknesstoer
Yale Harknesstoer
Namme
Ynternasjonale namme Yale University
Biedwurd אורים ותמים (Urim V'Tumim) (Orakel)
Lux et veritas (Ljocht en wierheid)
Lokaasje
Lân Feriene Steaten fan Amearika
Plak New Haven, Konettikut
Oare bysûnderheden
Type Privaatûnderwiis
Oprjochting 1701
Rektor Peter Salovey
Tal studinten 11593 (2012)
Tal meiwurkers 3619
Netwurken lid fan Ivy League
Offisjele webside
www.yale.edu

De Yale-universiteit waard 1701 stichte as 'Collegiate School', yn Killingworth (Konettikut). De oprjochter wie Abraham Pierson, teffens de earste rektor. Yn 1716 waard de skoalle ferpleatst nei New Haven (Konettikut) en fanwege de royale stipe fan Elihu Yale, krige de skoalle de namme Yale College yn 1718.

De skoalle waard yn de rin fan de tiid grutter en mear en mear stúdzjes koene dêr folge wurde. 1887 waard de namme Yale College feroare yn Yale University en it ynstitút bleau nije akademyske opliedings taheakjen yn de rin fan de tiid. Op it heden hat Yale in College, in Graduate School of Arts and Sciences en tsien saneamde Professional Schools. De universiteit hat goed 11.000 studinten.

De Yale Law School is de heechst wurdearre wetskoalle yn de Feriene Steaten.

Yale is ien fan de acht universiteiten fan de ferneamde Ivy League, dêr't ek de Harvard ta heart.

Ferneamde alumny en meiwurkers fan Yale

bewurkje seksje

Keppeling om utens

bewurkje seksje