Ydse Gaukes
Ydse Gaukes wie in dopersk, 16e iuwsk, skipper. Wierskynlik kaam er fan Molkwar.
Ydse Gaukes waard mei alve oaren (syn frou Anneken wie der ek by) op 11 maart 1571 yn Dimter troch Spaanske soldaten oanhâlden en finzen set en nei tramtaasje op 16 juny 1571 op de brânsteapel brocht. Sûnt jildt er as anabaptistysk martelder.
Yn de finzenis skreau er trije brieven dy't bewarre bleaun binne. Hy beskriuwt ûnder oaren de tramtaasje dêr't de finzenen fan te lijen hiene. Yn syn lêste brief nimt er ôfskied fan syn bruorren Bauke, Simon en Pieter, doe wienen de measte fan syn lotgenoaten al dea.
Bibliografy
bewurkje seksje- Doopsgezinde Bijdragen (1919): 29-37.
- Braght, Thieleman J. van - Het Bloedigh Tooneel of Martelaers Spiegel der Doops-gesinde of Weereloose Christenen, Die om 't getuygenis van Jesus haren Salighmaker geleden hebben ende gedood zijn van Christi tijd of tot desen tijd toe. Den Tweeden Druk. Amsterdam: Hieronymus Sweerts, …, 1685. Diel II: s.552-560.
- Hege, Christian and Christian Neff. Mennonitisches Lexikon. 4 v. Frankfurt & Weierhof: Hege; Karlsruhe; Schneider, 1913-1967: v. 2, 36.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|