Yep Gerardus Kramer (Nijskoat, 15 novimber 1957) is in Frysk reedrider. Yep is ferneamd wurden troch it reedriden op de langebaan; jierrenlang wie der ien fan de bêste Nederlânske langebaanriders. Hy hat lykwols nea in kampioenskip wûn omdat er de pech hie dat yn syn tiid Hilbert van der Duim ek aktyf wie. Yn 1984 waard er opereare oan in hernia en hy siet oant 1986 yn de kearnploech. Neidat Yep mei it langebaan-reedriden ophold is er oerstapt op it maratonriden. Helle 28 maratonoerwinnings op keunstiis, en waard yn 1996 kampioen op natueriis. Ek hjir hat er jierrenlang ien fan de toppers west. Waard dêrnei langebaantrener by it gewest Fryslân. Sûnt 2011 is er maratoncoach.

Yep Kramer
sporter
Yep Kramer yn 1982
Yep Kramer yn 1982
persoanlike bysûnderheden
bertedatum 15 novimber 1957
berteplak Nijskoat
sportive ynformaasje
sport reedriden
ûnderdiel Langebaan, maratonriden
O.S. Lake Placid 1980 - Sarajewo 1984
debút 1979
karriêre-ein 2002

Yn 1997 die Kramer mei oan de Alvestêdetocht en waard yn dizze barre tocht 8e, efter de winner Henk Angenent.

Yep Kramer is de heit fan Sven en Brecht Kramer. Soan fan Hendrik Kramer dy't seis Alvestêdekrúskes helle.

jaar NK Allround EK Allround WK Allround
1979 Sulver
1980 Sulver
1981 11e
1982 16e
1983 Sulver 4e
1984 Brûns 7e 6e
1985 - -
1986 12e
1984 Brûns 7e 6e
1985 - -
1986 12e
Maratonresultaten
  • 1989: winner KNSB-cup maratonriden
  • 1990: winner KNSB-cup maratonriden
  • 1996: winner NK maraton op natoeriis

Persoanlike rekords

bewurkje seksje
  • 500m 38.60
  • 1500m 1.57.42
  • 5000m 7.04.97
  • 10000m 14.49.50