Igawolde Sate is in lyts lânboumuseum yn Ealahuzen yn de gemeente De Fryske Marren. It museum sit yn in pleats fan 1800, dêr't tsjintwurdich biologysk buorke wurdt.

De kolleksje bestiet út in model fan in Fryske pleats yn ± 1800, boere-ark, tugen, in boerewein en âlde lânboumasines. Besikers kinne sels ûnderfine wat it boskwurk mei hynders ynhâldt en der wurde rûnritten mei hynder-en-wein fersoarge.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: