Yndiaaske pappegaaido

De Yndiaaske pappegaaido (Treron affinis) is in fûgel fan it skaai pappegaaidowen (Treron) út de famylje dofûgels (Columbidae).

Yndiaaske pappegaaido

mantsje.

wyfke.
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift do-eftigen (Columbiformes)
famylje dofûgels of dowen (Columbidae)
skaai pappegaaidowen (Treron)
soarte
Treron affinis
Jerdon, 1840
IUCN-status: net bedrige
 
Kop fan it mantsje.

De Yndiaaske pappegaaido is in middelgrutte griene do fan likernôch 28 sm. De soarte heart ta de Pompadour-groep fan seis soarten, dy't foarhinne as yn soarte behannele waard. Se ha allegear in readbrune rêch by it mantsje (grien by it wyfke), giele en swarte rânen oan 'e wjukfearren en in grize punt oan 'e sturt.

De soartgelikense groubekpappegaaido (T. curvirostra) ûnderskiedt him troch in sterkere snaffel mei in reade basis en in grieneftige eachring.

Binnen de soartegroep ûnderskiedt de Yndiaaske pappegaaido him fan 'e geografysk meast oanbuorjende Sry Lankaanske pappegaaido (T. pompadoura) troch syn wyteftige foarholle (net giel), krêmbrúne ûnderste sturtdekfearren yn stee fan wyt, koartere snaffel en sturt mar langere en ôfrûne wjukken en in kleurriker brún op 'e rêch en grien op 'e stút.

Fersprieding

bewurkje seksje

De soarte komt yn it west fan Yndia (West-Ghats) foar en fierder is der noch in lokale populaasje yn 'e eastlike dielsteat Andhra Pradesh.

De populaasje fan 'e fûgel liket stabyl. Alhoewol't net bekend is hoe grut de populaasje is, wurdt oannommen dat dy net yn 'e buert komt foar de betingsten dy't foar de status 'gefoelich' jilde. De soarte wurdt neffens de Reade list fan it IUCN dêrom as 'net bedrige' klassisifisearre. .

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: