Ynterfryske Dikekaart
De Ynterfryske Dikekaart is in kaart mei diken yn alle Fryske lannen. De kaart is makke troch de Ynterfryske Gearwurkingskommisje (YGK) fan de Ried fan de Fryske Beweging. Alle Fryske lannen fan Alkmaar oant Denemark binne as ien regio ôfbylde.
It is de earste Ynterfryske kaart dy’t de toponimen yn it Westerlauwersk Frysk hat. Allinnich Noard-Fryslân en it Sealterlân binne respektivelik de Noard-Fryske en it Sealterfryske toponimen brûkt. Dat betsjut dat de regio West-Fryslân om Hoarn hinne, de stêd Grins mei de Ommelannen, en it grutste part fan East-Fryslân de toponimen allegear yn it Westerlauwersk Frysk hawwe.
In kommisje fan saakkundigen hat gear west om de plaknammen sa goed mooglik yn it hjoeddeiske Westerlauwersk Frysk fêst te stellen. De measte plaknammen krigen dêrmei har âlde betsjutting werom, dêr’t de woartels fan gauris yn it Aldfrysk leinen. De âlde betsjutting fan de plaknammen is yn de hjoeddeiske Nederlânske en Dútske oersetting faak alhiel weiwurden.
Ynterfryske kartografy is fan alle tiden. Yn de 16e oant en mei de 19e iuw ferskynden ek al kaarten fan Fryslân tusken Fly (hjoeddeiske Iselmar) en de rivier de Weser. Yn 2010 ferskynde de lêste Ynterfryske posterkaart. De Ynterfryske dikekaart is yn detail útwurke en lit sjen dat de ferbûnens tusken de ferskillende Fryske lannen nei iuwen ûnder ferskillende nasjonale steaten noch hieltyd stân hâldt yn de plaknammen.
It is de earste moderne kaart mei alle plaknammen yn it Frysk en dy’t ek noch yn detail útwurke is. De Ried fan de Fryske Beweging hopet hjirmei in bydrage leverje te kinnen oan de Ynterfryske gearwurking. De kaart waard op sneon 24 septimber 2011 presintearre troch de Ried fan de Fryske Beweging op de betinking fan de Slach by Warns fan 1345.