Ynternasjonaal Filmfestival fan Gijón
It Ynternasjonaal Filmfestival fan Gijón (Spaansk: Festival Internacional de Cine de Gijón; Astuerysk: Festival Internacional de Cine de Xixón; ôfkoarte ta FICXixón) is in filmfestival dat elts jier yn novimber holden wurdt yn 'e Spaanske stêd Gijón (Astuerysk: Xixón), yn 'e autonome mienskip Astuerje. It evenemint waard foar it earst organisearre yn 1963, en wie oarspronklik rjochte op bernefilms en berneprogramma's op 'e tillefyzje. It Ynternasjonaal Filmfestival fan Gijón is bedoeld om 'e Astueryske filmyndustry oan te fiterjen.
Ynternasjonaal Filmfestival fan Gijón | ||
plak en tiid | ||
lân | Spanje | |
aut. mienskip | Astuerje | |
plak | Gijón | |
tiid fan it jier | novimber | |
bysûnderheden | ||
ôfkoarting | FICXixón | |
soarte evenemint | filmfestival | |
bestean | 1963 – no | |
offisjele webside | ||
www.gijonfilmfestival.com |
Skiednis
bewurkje seksjeIt Ynternasjonaal Filmfestival fan Gijón waard foar it earst holden yn 1963, op inisjatyf fan 'e gemeenteried fan Gijón y.g.m. de sparbank Caja de Ahorros de Asturias (Cajastur). Neitiid beävensearre de gemeenteried de organisaasje fan it festival, wylst Cajastur it barren finansierde.
Yn 't earstoan hiet it evenemint Ynternasjonale Wedstryd foar Bernefilms en Bernetillefyzje (Spaansk: Certamen Internacional de Cine y TV Infantil). De folgjende jierren bleau dy namme fierhinne beholden, allinne waard it doe de Ynternasjonale Wedstryd foar Films en Tillefyzje foar Bern (Certamen Internacional de Cine y TV para la Infancia) neamd. Yn 1969 liet men it lêste part falle, sadat it de Wedstryd foar Films en Tillefyzje waard. Dy namme hold it festival oant en mei 1976.
Yn 1977 en 1978 waard it evenemint de Ynternasjonale Filmwedstryd foar Bern en de Jongerein (Certamen Internacional de Cine para la Infancia y la Juventud) neamd. Dêrnei krige it wer de namme it dy't fan 1969 oant 1976 hân hie. Yn 1986 begûn it evenemint de tekst 'Ynternasjonaal Filmfestival fan Gijón' foar syn eigentlike namme te setten, en yn 1988 waard it festival dêr formeel ta omneamd.
Yn maaie 1996 waard de Entidad Mercantil Artistico-Musical Teatro Municipal Jovellanos de Gijón S.A. oprjochte, dy't de organisaasje fan it festival oernaam fan 'e gemeenteried. Dy stifting waard letter omneamd ta it minder bombidige Divertia S.A.
Prizen
bewurkje seksjeOp it Ynternasjonaal Filmfestival fan Gijón wurde ferskate prizen útrikt. De winners dêrfan wurde útornearre troch in ynternasjonale faksjuery fan fiif of mear lju út 'e filmyndustry, in jongereinsjuery fan 50 persoanen fan tusken de 17 en 26 jier, en, sûnt 2005, in sjuery besteande út leden fan 'e Ynternasjonale Federaasje fan Filmkritisy (FIPRESCI).
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |