Ynternasjonale Kynologyske Federaasje
De Ynternasjonale Kynologyske Federaasje (offisjeel, Frânsk: Fédération Cynologique Internationale), meast oantsjut mei de ôfkoarting FCI, is de wichtichste ynternasjonale federaasje fan nasjonale kynologyske ferienings. Dizze organisaasje is fêstige yn it Belgyske Thuin, en stelt him ta'n doel om 'e fokkerij en it hâlden fan rassuvere hûnen oan te moedigjen.
Ynternasjonale Kynologyske Federaasje Fédération Cynologique Internationale | ||
algemiene ynformaasje | ||
ôfkoarting | FCI | |
nasjonaliteit | Belgysk | |
type org. | feriening | |
wurkmêd | kynology | |
haadkertier | Thuin (Walloanje) | |
off. taal | benammen Frânsk | |
oprjochte | 1911 | |
tal leden | 84 nasj. ferienings | |
aktyf yn | 84 lannen | |
offisjele webside | ||
www.fci.be |
Skiednis
bewurkje seksjeDe FCI waard yn 1911 oprjochte troch kynologyske ferienings út Dútslân, Eastenryk, Belgje, Nederlân en Frankryk. Under de Earste Wrâldoarloch stoar de organisaasje lykwols in sêfte dea, sadat de Societé Centrale Canine de France en de Belgyske Societé Royale Saint-Hubert de FCI yn 1921 fannijs oprjochtsje moasten. Yn maaie 2008 hie de FCI 84 leden, mei ien lid per lân. Nederlân wurdt yn 'e FCI fertsjintwurdige troch de Ried fan Behear op Kynologysk Mêd yn Nederlân. Foar in folsleine list fan alle lidorganisaasjes fan 'e FCI, sjoch op dizze side, op 'e Ingelske Wikipedy.
Wurkmêd
bewurkje seksjeEltse nasjonale kynologyske feriening regulearret syn eigen rasferienings en stamboeken en liedt syn eigen sjueryleden op. De FCI koördinearret dêrby de ynternasjonale kontakten troch te bewissigjen dat stambeammen en sjurearrings wrâldwiid erkend wurde. Boppedat organisearret en sponsort de FCI de Wrâldhûneshow en oare ynternasjonale hûnetentoanstellings.
Hûnerassen wurde troch de FCI foarsjoen fan in rasnûmer en yndield by ien fan tsien groepen:
- hardershûnen
- pinschers en schnauzers
- terriërs
- takshûnen
- Skandinavyske slide- en jachthûnen en primitive hûnen
- speurhûnen en oanbesibbe rassen
- steande hûnen
- retrievers en wetterhûnen
- grutte en lytse selskipshûnen
- wynhûnen
Sjoch ek
bewurkje seksjeKeppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |