Wetterhûn
De wetterhûn, ek wol Fryske krolhier of otterhûn neamd, is in hûneras dat syn oarsprong fynt yn Fryslân. Fan âlds kamen sokke hûnen benammen foar yn it Fryske marregebiet, dêr't se fokt waarden foar de jacht op wetterfûgelt, al waarden se ek wol ynset by de jacht op lytse sûchdieren, lykas mollen en murden. De wetterhûn dielt mei de Fryske stabij yn Nederlân in rasferiening.
wetterhûn | ||
algemiene ynformaasje | ||
alt. namme | Fryske krolhier, otterhûn | |
oarsprong | ● Nederlân ● Fryslân | |
klassifikaasje | steande hûn | |
FCI-nû. | #221 | |
lichemsskaaimerken | ||
skofthichte | 55-59 sm | |
gewicht | 25-35 kg | |
kleur | swart-wyt, brún-wyt |
Skiednis
bewurkje seksjeIt foarâlderlike type wetterhûn ûntjoech him teminsten 400 jier lyn (om 1600 hinne) of mooglik noch earder yn it Fryske marregebiet. Saakkundigen spekulearje dat de moderne wetterhûn fuortkomt út krusings fan 'e âlde wetterhûn, in ras dat no net mear bestiet, mei hûnen dy't de Roma út East-Jeropa of Aazje wei nei West-Jeropa ta brochten.
Yn it Fryske wetterlân waarden wetterhûnen fan oarsprong fral brûkt foar de jacht op wetterfûgelt, dêr't se as steande hûnen by útstek geskikt foar binne. De hûn wachtet dêrby sûnder te ferwegen oant syn baas in fûgel sketten hat en hellet it deade of oansketten wyld dan swimmend en of dravend op. Dêrnjonken waarden wetterhûnen ek ynset foar de folle dregere en potinsjeel gefaarlike jacht op murden en otters. Letter waard it in hûn fan boeren, arbeiders en skippers. Hy waard noch altyd brûkt foar de murdejacht, mar ek wol by de jacht op mollen of gewoan as hiemhûn. Ek waard er wol ynset as lûkhûn, wêrby't er foar of ûnder de hûnekarre spand waard om bgl. molkbussen te lûken.
Hoewol't de wetterhûn ûnder de Twadde Wrâldoarloch as ras suver útstoar, wisten leafhawwers him nei de oarloch mei rjochte en foarsichtige fokkerij wer by de wâl op te helpen. Tsjintwurdich wurdt it stamboek fan 'e wetterhûn beheard troch de Nederlânske Feriening foar Stabij- en Wetterhûnen (NVSW) en de Wetterhûnferiening Nederlân (WVN). Wrâldwiid wurdt it ras erkend troch de Ynternasjonale Kynologyske Federaasje (FCI) as ûnderdiel fan rasgroep 8 (retrievers en wetterhûnen), seksje wetterhûnen, mei it rasnûmer 221. De Feriene Kennelklub (UKC) erkent de wetterhûn as in steande hûn. Om utens wurde wetterhûnen promoate as in seldsum ras dat ynteressant is foar lju dy't in ûngewoan húsdier sykje.
Lichemsskaaimerken
bewurkje seksjeDe wetterhûn is in middelgrutte hûn, mei in skofthichte fan 55-59 sm, en in gewicht fan 25-35 kg. Hy hat in krêftige en kompakte lichemsbou, en mei útsûndering fan de kop en de poaten is it hiele liif oerdutsen mei tsjûke krollen fan stevich, ticht hier. De yndividuële hierren binne frij grou is, en de pels as gehiel fielt fettich oan, in adaptaasje dy't wetterôfstjittend wurket en sadwaande de hûn drûch en waarm hâldt. De tekening komt yn twa farianten foar: swart-wyt en brún-wyt (bûnt).
De earen sitte relatyf fier útinoar en hingje slop by de sydkant fan 'e kop del. De sturt krollet strak fan it lichem ôf en wurdt ornaris boppe de rêch droegen. Troch de nochal aparte foarm fan 'e eagen liket it wol as hat dit ras altyd in frijwat grimmitige gesichtsútdrukking, wêrmei't it him dúdlik ûnderskiedt fan oare hûnerassen.
Aard
bewurkje seksjeDe wetterhûn is in rêstige hûn mei in sêft aard, dy't in treflike steat fan tsjinst hat as steande hûn, sawol op it lân as yn it wetter. Hy is lykwols wat eigensinnich en net samar fertroud mei lykfolwa. In ier belearen is needsaaklik, oars kin er ûnbrûksum wurde. Oan 'e oare kant binne wetterhûnen fan natuere wach en betrouber en binne se yn 'e regel tige duldsum mei bern. Se kin treflik tsjinst dwaan as hiemhûn, mar binne perfoarst net agressyf foar besikers oer. Yn ferliking mei de Fryske stabij hâldt de wetterhûn der noch mear fan om bûtendoar te wêzen.
Literatuer
bewurkje seksje- Dooper, Wiebe M., De wetterhoun, een eigenzinnig fenomeen, 2005, ISBN 90-808573-2-7
Sjoch ek
bewurkje seksjeKeppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar oare boarnen en fierdere literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|