Ytzen van der Veen

Ytzen van der Veen (Stynsgea, 11 oktober 1861 - Grins, 23 april 1931), ek wol Y. van der Veen yn de boeken, wie in Nederlânsk arsjitekt fan Frysk komôf.

Ytzen van der Veen (1929)
De Zuiderkerk (1901) yn Grins, dy't troch T. Kuipers en Van der Veen ûntwurpen waard (2010)

Van der Veen, soan fan in timmerman, wie fral warber yn de stêd Grins. Yn 'e mande mei syn kollega Tjeerd Kuipers (1857-1942) ûntwurp er de Sudertsjerke (1901) oan de Stasjonsstrjitte. Beide mannen arbeiden ek op oan de synagoge (1906) yn de Folkingestrjitte yn Grins. Beide pânen binne no ryksmonumint. Itselde jildt foar in yn 1909 yn Grins boud hearehûs, dat troch Van der Veen ûntwurpen waard. Nei alle wierskyn is de grifformearde tsjerke fan Zuidwolde ek troch him tekene.

Wurken (in kar)

bewurkje seksje
  • 1900-1901: Sudertsjerke, Grins (mei T. Kuipers)
  • 1905: Grifformearde tsjerke, Spyk[1]
  • 1906: Synagoge, Grins (mei T. Kuipers) [2]
  • 1908: Grifformaerde tsjerke, Zuidwolde
  • 1909: Hearehûs oan de Kraneweg, Grins
  • 1911: Grifformearde tsjerke (frijmakke), Schildwolde [3]

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. Stenvert, Ronald [et.al.] (1998) Grins. Monumenten in Nederland, diel 4. Zeist: Rijksdienst voor de Monumentenzorg / Swol: Waanders. ISBN 90 400 9258 3. s. 196
  2. GroningerArchieven.nl, Hofmans Vertellingen - 100 jaar synagoge: Groningen had meerdere synagogen
  3. HDC, Inventarisatie Kerkelijke Gebouwen in Nederland - VUA S _tcm99-143612.pdf (Haadwei 34, Schildwolde)