Zeldenrust (Overasselt)
De Zeldenrust is in nôtmûne oan de Oude Kleefsebaan yn it Gelderske Overasselt.
Zeldenrust | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Gelderlân | |
plak | Overasselt | |
adres | Oude Kleefsebaan | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Nôtmûne | |
boujier | 1736 (bou) 1982 (weropbou) | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 408888 [1] |
De standermûne waard yn 1736 yn Geertruidenberg boud en ferhûze fan dêr nei Raamsdonksveer en yn 1890 nei Overasselt. In swiere stoarm ferneatige de mûne yn novimber 1972 foar in diel, dy't doe al net mear goed ûnderholden wie. Allinne it ûnderste diel fan de kast en de standert stie noch oerein. Tsien jier letter, yn 1982, waard de mûne op de hjoeddeiske lokaasje werboud.
De Zeldenrust besit twa koppel mealstiennen. Eigner fan de mûne is de gemeente Heumen. Op sneintemiddeis is de mûne iepen foar besikers.
Keppeling om utens
bewurkje seksje- (ned) (Molendatabase mei oersjoch technyske ynformaasje oer de mûne)
- (ned) Allemolens.nl (ôfbylden)
- (ned) De Hollânske Mûne
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|