Zuidzijde (Goeree-Oerflakkee)

(Trochferwiisd fan Zuidzijde (Goeree-Overflakkee))

Zuidzijde is in buorskip dy't yn de gemeente Goeree-Oerflakkee leit. De buorskip leit yn de Nederlânske provinsje Súd-Hollân. Zuidzijde leit op de krúsing fan de Bommelsedijk en Tilsedijk. De buorskip leit op ien fan de âldste dielen fan it eilân Goeree-Oerflakkee. Zuidzijde is yn de omkriten benammen bekend om de âlderwetse wettertoer dy't der stiet. Dy wettertoer is al fan it Hellegatsplein ôf te sjen. Neffens guon hat Zuidzijde syn namme te tankjen oan it feit dat it súdlik fan Den Bommel leit.

Zuidzijde
Sicht op Zuidzijde
Sicht op Zuidzijde
Bestjoer
Lân Nederlân
provinsje Súd-Hollân
gemeente Goeree-Oerflakkee
himrik Den Bommel
Sifers
Ynwennertal 180 (2007)[1]
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 51° 42' N 4° 15' E
Kaart
Zuidzijde (Súd-Hollân)
Zuidzijde

Yn eardere tiden hie Zuidzijde ek in eigen basisskoalle, wêrfan't de Schoolweg en it eardere skoallegebou noch stille tsjûgen binne. De Tilsedijk is neamd nei de polder De Tille.

Yn Zuidzijde binne ek in pear plattelânswinkels. Dêr ferkeapje se aaien, moal, ierdappels, sipels, tsiis en tomaten. Foar de bern is der in boarterstún. Bylâns de Bommelsedijk leit in stik grûn fan Steatsboskbehear mei de ein fan de Kleine Kreek dêr op. Dy natuerlike kreek rint kilometers lang troch it lânskip nei Den Bommel. Op it stik grûn rint geregeld fee omadat it net foar yntensive feehâlderij brûkt wurde mei. Boppedat komme der in soad beskerme fûgels nei it stik grûn ta.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: