Zwillbrock
Zwillbrock, (Frysk: Swilbroek) is in tsjerkedoarp yn de gemeente Vreden yn Múnsterlân. It leit oan de Dútsk-Nederlânske grins tusken de stêden Vreden en Groenlo. In lytser part mei de namme Zwilbroek leit oan de Nederlânske kant fan de grins yn de gemeente Berkelland.
Zwillbrock | ||
Barokke Sint-Fransiskustsjerke yn Zwillbrock | ||
Bestjoer | ||
Lân | Dútslân | |
Dielsteat | Noardryn-Westfalen | |
Kreis | Borken | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 250 | |
Offisjele webside | ||
www.zwillbrock.de |
Untstean fan it tsjerkedoarp
bewurkje seksjeNei de Frede fan Múnster mocht der yn de Nederlannen gjin sielesoarch oan de katoliken oanbean wurde. Sadwaande waarden der lâns de Dútske grins mei de Achterhoeke en Twinte missykapellen stifte, om de katoliken yn it Nederlânske part fan it Bisdom Múnster dochs sielesoarch biede te kinnen. Sa is der mei Kryst 1651 yn it Zwillbrocker Fean in mis opdroegen troch de paters Minderbruorren fan it kleaster yn Bocholt. It ferhaal wol dat, om't it sok striemin waar wie, de froulju harren omslachdoeken oaninoar knope hawwe om de attributen foar de mis en de paters drûch te hâlden. Doe moat de ferliking mei Betlehem opkaam wêze, de lettere namme fan it Minderbruorrekonvint yn Zwillbrock. Al mei Peaske 1652 stie dêr in ienfâldige kapel boud mei turfplaggen, dy't itselde jier al grutter makke waard. Mei stipe fan de biskop fan Múnster en de abdis fan Vreden dy't de grûn skonk, waard dêrnei in stiennen kapel boud. De oanrin fan leauwenden wie sa grut, dat der yn 1670 in selsstannich konvint ûntstie, "Closter Bethlehem an't Schwillbrock".
Barokke Sint-Fransiskustsjerke
bewurkje seksjeOp 6 oktober 1717 waard de earste stien foar de hjoeddeistige Sint-Fransiskustsjerke lein, dy't yn 1719 of 1720 ree kaam. Yn de jierren 1765 en 1782 wiene der ferbouwings en útwreidings. Op 28 febrewaris 1811 waard it gebiet opnaam yn it Frânske Keizerryk en it kleaster neffens de Frânske wetjouwing opheft en de besittings oerdroegen oan de domeinen. Fan 1858 ôf is Zwillbrock in selsstannige parochy mei in eigen tsjerke. De dakruter ynstee fan in toer is it skaaimerk fan de Minderbruorren. De tsjerke mei syn rike barokke oanklaaiïng hat ek de Twadde Wrâldkriich goed trochstien. De wytstiennen stjer yn it paad foar de doar is in ferwizing nei de namme Bethlehem fan it eardere kleaster. In âld mei iken seame paad tusken de tsjerke en de grins draacht de namme "Kloppendiek", de dyk fan de klopkes.
Zwillbrocker Venn
bewurkje seksjeIt Swilbroekster Fean is in beskerme natoergebiet oan de Dútsk-Nederlânske grins bewesten Vreden. It grinzet oan de Nederlânske gemeenten Berkelland en Winterswijk. Der briede mear as hûndert fûgelsoarten. Sa briedt yn it gebiet de grutste kobbekoloany fan Dútslân, mei om en de by 16.000 kobben. Boppedat is it Swilbroekster Fean it fierst noardlik lizzende briedgebiet foar Flamingo's yn Europa. Mear as fjirtich Flamingo's hâlde simmers yn it gebiet ta.