Aad van den Heuvel

Aad van den Heuvel (Rotterdam, 28 juny 1935Loenen aan de Vecht, 10 juny 2020) wie in Nederlânske sjoernalist, programmamakker en skriuwer.

Aad van den Heuvel
tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid
Aad van den Heuvel yn 1981 by in opname fan de Alles is Anders-show
Aad van den Heuvel yn 1981 by in opname fan de Alles is Anders-show
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
wurkpaad
wurksum as Sjoernalist, programmamakker
medium Radio, telefyzje
bekend fan Brandpunt, Ook dat nog!, Alles is Andersshow
offisjele webside
(in) IMDb-profyl

Van den Heuvel waard berne yn Rotterdam. Nei it bombardemint op Rotterdam bedarren syn âlden yn Sliedrecht, dêr't er opbrocht waard yn in dykhûs oan de Merwede. Hy folge de HBS en studearre foar sportlearaar, mar hy waard lang om let freelance sportferslachjouwer foar ferskate kranten.

 
Van den Heuvel as presintator fan Brandpunt (1968)

Telefyzjekarriêre

bewurkje seksje

Yn 1959 kaam er by de KRO del foar in fraachpetear mei direkteur Jan Castelijns, dy't tocht dat Van den Heuvel foar in sollisitaasje kaam. Hy waard fuortendaliks oannaam.

Hy makke ien fan syn earste ferslaggen yn 1961 doe't de Berlynske Muorre boud waard. De reportaazje brocht it opsetten fan in aktualiteiterubryk tewei. Van de Heuvel stelde út dy Focus te neamen. "Moai," andere Castelijns, "dêr meitsje wy Brandpunt fan." En Brandpunt wie berne.

Yn 1967 ynterviewde er de presidint fan Yndoneezje, Soekarno, krekt foar't dy ôfsetten waard. Fan Soekarno krige er syn geuzenamme: "Van den Heuvel, ik heb je door". Syn reportaazje yn de Biafra-oarloch makke de wrâld dúdlik wat der tusken Biafra en Nigeria geande wie. Yn 1968 hie er in fraachpetear mei Martin Luther King op de foarjûn fan dy syn dea. Ek makke er in portret fan Nobelpriiswinner Gabriel García Márquez.

Oant 1973 wie Van den Heuvel ferslachjouwer en presintator fan Brandpunt en reizge er de hiele wrâld oer. Brandpunt makke him in namme yn Nederlân mei wiidweidige reportaazjes. Ferslachjouwers wiene ûnder oaren Willibrord Frequin, Ed van Westerloo, Frits van der Poel en Ad Langebent.

Nei 1973 makke Van den Heuvel in stikmannich spesjale telefyzjeprogramma's, lykas de J.C.J. van Speykshow, Cursief en de Alles is Anders-show, letter folge troch De Ver van mijn Bed-show en KRO's Middageditie. Wiidferneamd waard er ein jierren tachtich mei Ook dat nog!. Van den Heuvel wie de presintator fan dat humoristyske konsuminteprogramma, dêr't ek Sylvia Millecam, Erik van Muiswinkel, Hans Böhm en Gregor Frenkel Frank oan meidienen. Van den Heuvel rjochte yn 1993 it produksjebedriuw Mediaat op.

Yn 1997 wie er de sintrale presintator fan it telefyzjeprogramma De Nieuwsgier fan de KRO, in programma mei serieuze ynterviews, kollumns en persiflaazjes. It programma foel net yn 'e smaak en waard nei in pear ôfleveringen út de eter helle. Tweintich jier letter besocht er nochris. Coen van Vrijberghe de Coningh, Wivineke van Groningen, Fred Florusse en Han Oldigs dienen ek mei oan it programma, dat lykwols wer gjin súkses waard.

Troch syn reizgjen hie Van den Heuvel in rommere blik op 'e wrâld krigen. Hy fûn dat langere reportaazjes oer de tredde wrâld, sa as der dy foar Brandpunt makke, hieltiten minder op telefyzje te sjen wienen. Ut ûnfrede dêrmei rjochte er yn 2000 de De Nieuwe Omroep op. Yn 2004 waard besletten ta in fúzje mei in oare aspirantomrop, Nútopia, ta De Nieuwe Omroep Nútopia. Yn 2005 krige dy in útstjoermachtiging nei't er mei Nútopia fusearre wie ta LLiNK. Dy stjoerder gie yn 2010 fallyt.

Nei lang fuort west te hawwen ferskynde Van den Heuvel yn 2012 yn NTR's diskusjeprogramma De Nieuwe Maan dat er tegearre mei Naeeda Aurangzeb presintearre. It programma rûn oant mids 2013.

Op de radio presintearre Van den Heuvel Blik op morgen en Op de valreep. Hy skreau teffens alle wiken in kollumn op it bloch Broadcast Magazine.

Persoanlik libben

bewurkje seksje

Van den Heuvel wie troud mei sjoernaalregisseur Annette Kentie en hie twa bern. Dochter Caroline van den Heuvel waard telefyzjeferslachjouwer. Hy stoar yn de âldens fan 84 jier.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: