Coen van Vrijberghe de Coningh
Coen van Vrijberghe de Coningh (folút: Coenraad Lodewijk Dirk van Vrijberghe de Coningh; Amsterdam, 12 novimber 1950 – Almeare, 15 novimber 1997) wie in Nederlânsk akteur, muzykprodusint, sjonger, komponist en presintator, dy't by it grutte publyk benammen bekend wurden is troch syn fertolking fan 'e rol fan Johnnie Flodder yn 'e tillefyzjesearje Flodder en de film Flodder 3.
Coen van Vrijberghe de Coningh | ||
akteur | ||
Coen van Vrijberghe de Coningh yn 1978. | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Coenraad Lodewijk Dirk van Vrijberghe de Coningh | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 12 novimber 1950 | |
berteplak | Amsterdam (Noard-Hollân) | |
stoarn | 15 novimber 1997 | |
stjerplak | Almeare (Flevolân) | |
etnisiteit | Nederlânsk | |
jierren aktyf | 1972 – 1997 | |
offisjele webside | ||
gjint |
Libben en karriêre
bewurkje seksjeJonkheid en oplieding
bewurkje seksjeVan Vrijberghe de Coningh wie de lêste manlike telch út in âld Siuwsk aadlik laach, dat oarspronklik ôfkomstich wie út it ferdronken doarpke Vrijberghe. Syn heit wie de akteur Cruys Voorbergh (eins Ernest van Vrijberghe de Coningh), en syn mem wie Ada van Geel. Van Vrijberghe de Coningh waard yn 1950 yn Amsterdam berne. Hy hie in suster, Emmy van Vrijberghe de Coningh, dy't keunstneresse wie. Nei in jier ULO folge er fan 1963 oant 1968 in oplieding oan it konservatoarium, dêr't er foar gitarist learde, en dêrnei oan 'e Lytskeunstakademy, dêr't er syn stúdzje yn 1972 ôfrûne. Hy gie mei sin net nei de toanielskoalle, om't er net as kloan fan syn heit sjoen wurde woe. Tuskentroch died er noch wol in fjouwerjierrige balletoplieding.
Karriêre
bewurkje seksjeYn 1977 rjochte Van Vrijberghe de Coningh syn eigen teätergroep Splinter op, wêrfan't hy de artistyk lieder waard. Yn 'e dêropfolgjende jierren brocht er mei dat selskip ferskate kabaretfoarstellings op 'e planken. Ek yn 1977 makke er syn tillefyzjedebút as presintator, by it NCRV-programma Showroom, dêr't hy it ûnderdiel De Studiogasten die. Yn dy funksje bleau er wurksum oant 1980. Syn alderearste ferskining op 'e tillefyzje hie lykwols as yn 1967 west, doe't er as ien fan 'e jeugdbestjoersleden fan 'e Wild Life Rangerset yn petear gie mei prins Bernhard.
Yn 'e tachtiger jierren wurke Van Vrijberghe de Coningh fiif jier lang by de platemaatskippij Bovema, en produsearre er muzyk foar artysten lykas de band Drukwerk. Yn 1985 wied er mei û.o. Robert ten Brink ien fan 'e inisjatyfnimmers fan 'e teätergroep Sweat Produkties. As sjonger trede er fan 1987 oant 1996 op mei syn band The Shooting Party. Hy wûn mei it nûmer Kaal de Annie M.G. Schmidt-priis foar it bêste Nederlânsktalige teäterliet fan 1995.
Van Vrijberghe de Coningh spile yn 1989 de haadrol yn 'e film Alaska, dêr't er ek de soundtrack foar komponearre. Dy film wûn in Gouden Keal foar de bêste koarte film. Datselde jiers wurke er mei Karin Bloemen mei oan it tillefyzjeprogramma Spijkers met Koppen. Fierders wûn er faam as toanielakteur mei de rol fan Ebeneezer Scrooge yn in foarstelling dy't basearre wie op 'e novelle A Christmas Carol fan Charles Dickens. Ek spile er koart njonken Liesbeth List yn 'e musical Eindeloos.
Oant doe ta wie Van Vrijberghe de Coningh by it grutte publyk fierhinne ûnbekend bleaun, mar dat feroare doe't er yn 1993 de rol fan 'e asosjale mar ynnimlike liddichgonger Johnnie Flodder oernaam fan akteur Huub Stapel. Stapel hie Johnnie yn 'e films Flodder (1986) en Flodder in Amerika! (1992) spile, mar seach gjin heil yn in ferfolch op 'e tillefyzje, temear om't er beducht wie om typecast te reitsjen. Dêr die Van Vrijberghe de Coningh syn foardiel mei, want de komeedzjesearje Flodder waard in trochslaand súkses, wêrfan't de ôfleverings (anno 2021) noch altyd geregeldwei op 'e Nederlânske en Belgyske tillefyzje werhelle wurde. Yn 1995 waard as útfloeisel fan 'e searje ek in nije film makke, Flodder 3, weryn't Van Vrijberghe de Coningh op 'e nij de rol fan Johnnie fertolke.
Njonken syn live-aktearwurk wie Van Vrijberghe de Coningh ek aktyf as stimakteur; sa spile er yn 1995 Buzz Lightyear yn 'e Nederlânsktalige neisyngronisearring fan 'e tekenfilm Toy Story.
Priveelibben
bewurkje seksjeCoen van Vrijberghe de Coningh hie oan syn ferstjerren ta in relaasje mei aktrise Wivineke van Groningen, mei wa't er gearwenne oan 'e Korte Leidsedwarsstraat yn Amsterdam. Hja hiene gjin bern.
Ferstjerren
bewurkje seksjeOp 15 novimber 1997, trije dagen nei syn 47ste jierdei, spilen Van Vrijberghe de Coningh en syn kollega's Stefan de Walle en Tatjana Šimić yn 'e Flodder-studio's yn Almeare by in besletten feest in sêne út 'e searje nei, doe't Van Vrijberghe de Coningh ynienen efteroer foel en stil lizzen bleau. De gasten tochten dat dit ûnderdiel útmakke fan it optreden en begûnen te klappen, mar De Walle en Šimić hiene daliks troch dat der wat mis wie, en bellen in ambulânse. It bliek om in hertstilstân te gean, en doe't reänimaasje net mear bate mocht, stoar Van Vrijberghe de Coningh ûnderweis nei it sikehûs. Nei in betinking yn it DeLaMarteäter op 20 novimber 1997 waard er begroeven op Zorgvlied yn Amsterdam.
Hertproblemen rûnen by him yn 'e famylje; sa ferstoar syn heit mei 64 jier ek oan in hertstilstân, wylst syn suster Emmy yn 1992 mei 44 jier kaam te ferstjerren nei de iepening fan in tentoanstelling fan har wurk. De hommelse dea fan Van Vrijberghe de Coningh makke foargoed in ein oan 'e ambysjes fan produsint Dick Maas om in sechsde seizoen fan Flodder te meitsjen, om't noch hysels, noch de oare akteurs ynseagen hoe't in oar de rol oernimme kinne soe dy't Van Vrijberghe de Coningh him sa eigen makke hie. It fyfde en lêste, yn 1997 opnommen, seizoen fan Flodder waard yn oerlis mei syn djipdrôven fan jannewaris 1998 ôf postúm útstjoerd en opdroegen oan Van Vrijberghe de Coningh.
Filmografy
bewurkje seksjeFilmografy as akteur | |||
jier | titel | rol of funksje | opmerkings |
---|---|---|---|
tillefyzje | |||
1988 | Switch | Martin | |
1988 | Prettig Geregeld | ? | gastrol; ôfl. Wordt Er Nog aan het Milieu Gedacht? |
1990 | Familie Oudenrijn | Hank | gastrol; ôfl. Een Knallende Relatie |
1991 | Staten-Generaal | Jos | |
1992 | Recht voor z'n Raab | Paul Esders | gastrol; ôfl. De Schim |
1992 | Meneer Rommel | Spier | |
1992 | Watt?! | n.f.t. | presintator en voice-over |
1993 | Pleidooi | Harry Govers | gastrol; ôfl. Noodweer |
1993 | In Voor- en Tegenspoed | makelder | gastrol; Ramen Lappen |
1993–1995 & 1998 | Flodder | Johnnie Flodder | fêste rol; 62 ôfl. |
1994 | Kats & Co | Paul Kats | |
1995 | Bruin Goud | Haddert Halma | gastrol; ôfl. De Stille Knijpe |
1995 | Flodder | Whisky | as stimakteur; ôfl. De Hondlanger |
1996 | 12 Steden, 13 Ongelukken | Ruud Erkels | gastrol; ôfl. Smash |
1997 | Zeeuws Meisje | hypnotiseur | gastrol; ôfl. Zeeuwse Bommen |
1997 | De Nieuwsgier | ferskaat | |
1997 | Knoop in Je Zakdoek | Rob | gastoptreden; ôfl. Het Geheim van Mirjam |
films | |||
1989 | De Kassière | Ted | |
1989 | Wilde Harten | fisker/affysjeplakker | |
1989 | Alaska | Mario | koarte film |
1990 | Het Nadeel van de Twijfel | Simon | |
1990 | Vakantiehuis in Zweden | Joop de Wolf | as stimakteur |
1991 | De Onfatsoenlijke Vrouw | Charles | |
1991 | The Rescuers Down Under | Jake | as stimakteur; yn Nederlân útbrocht as De Reddertjes in Kangoeroeland |
1993 | Ik Verlaat Je Nooit | ? | |
1995 | Flodder 3 | Johnnie Flodder | |
1996 | Marie Antoinette is Niet Dood | sjoernalist | |
1996 | Spot's Magical Christmas | ? | as stimakteur; yn Nederlân útbrocht as Dribbles Betoverend Kerstfeest |
1996 | De Jongen Die Niet Meer Praatte | plysjeman | |
1996 | Toy Story | Buzz Lightyear | as stimakteur |
1997 | 101 Dalmatians | Jasper | as stimakteur; yn Nederlân útbrocht as 101 Dalmatiërs |
1997 | Scrooge | n.f.t. | voice-over; yn 2002 werútbrocht as Muis Presenteert: Het Kerstverhaal, en yn 2006 nochris as Liedjes over Kerst |
1998 | Anastasia | Grigorij Raspûtin | as stimakteur |
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side. |