Aartshartoch
Aartshartoch is in aadlike titel dy't leger fan stân is as kening, mar heger as hartoch en (soeverein) prins of foarst, mei likernôch deselde hichte as grutfoarst en gruthartoch. In froulike aartshartoch of de frou fan in aartshartoch is in aartshartoginne. It gebiet dêr't in aartshartoch oer hearsket, is in aartshartochom. It wurd 'aartshartoch' komt oarspronklik út it Dútske taalgebiet en waard gearstald út it Grykske foarheaksel ἀρχι-, archi, dat safolle betsjut as "gesachhawwend" en it Dútske Herzog, dat oan it begjin fan 'e Midsiuwen in oantsjutting foar in militêr lieder wie, mar geandewei in aadlike titel waard.
'Aartshartoch' wie fan 1358 ôf de titel fan 'e hearskers oer Eastenryk út it Hûs Habsburch, en waard letter troch alle leden fan dy dynasty droegen. Inkeld bern út morganatyske houliken hiene dat rjocht net; dy wiene 'greve' of 'grevinne' fan Habsburch. Ek tsjintwurdich noch fiere telgen út it Hûs Habsburch de titel 'aartshartoch'. Men sprekt dêrom yn dit ferbân ek wol fan it 'Aartshûs Habsburch' of it 'Aartshûs fan Eastenryk'. Ek de kening fan Spanje is om histoaryske redens in aartshartoch fan Eastenryk, mar brûkt dy titel net.
Bûten Eastenryk wurdt de titel 'aartshartoch' yn it Dútsk, Nederlânsk, Frysk en guon oare talen gauris brûkt foar de net-regearjende leden fan it Hûs Romanov, fan 'e tsaren fan Ruslân. Harren titel wurdt lykwols ek wol oerset as 'gruthartoch'.
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|