Abdij fan La Lucerne

De Hillige Trije-ienheid fan La Lucerne (Frânsk: Sainte-Trinité de La Lucerne) is in premonstratinzerske abdij op it gemeentegebiet fan La Lucerne-d'Outremer út de 12e iuw yn it departemint Manche yn 'e regio Normandje, likernôch 15 kilometer noardwestlik fan Avranches.

Abdij Hillige Trije-ienheid fan La Lucerne

Sainte-Trinité de La Lucerne

Lokaasje
lân Frankryk
regio Normandje
departemint Manche
plak La Lucerne-d'Outremer
koördinaten 48° 47' N 1° 27' W
Kleastergegevens
denominaasje Roomsk-Katolike Tsjerke
oarde Premonstratinzers
oprjochting 1143
opheffing Frânske Revolúsje
Ynformaasje bou
boujier 12e-19e iuw (rekonstruksjes yn de 20e iuw)
boustyl Romaanske arsjitektuer
monumintale status Histoarysk monumint
Webside
Offisjele side fan de abdij
Kaart
Abdij fan La Lucerne (Frankryk)
Abdij fan La Lucerne

Stifting bewurkje seksje

 
Stiftersgrêven
 
Poartegebou

De abdij waard stifte troch Hasculphe de Subligny en syn broer Richard, doedestiids biskop fan Avranches. Dat barde yn it jier 1143 op in stik grûn oan it rivierke de Thar, tichteby La Lucerne-d'Outremer. De earste kanunniken ûnder prior Tankred († 1144) waarden troch de abdij fan Dommartin út it bisdom Amiens levere.

Om't it in wied plak wie, ferhûze de mienskip al yn 1145 ûnder de earste abt Teskelin nei in stikje fierderop de stream ôf. Teskelin ferstoar yn febrewaris 1157, mar al om dy tiid hinne stiften de kanunniken in kleaster yn Ardenne (yn de omkriten fan Caen) as earste dochterkleaster.

Under abt Angot ferhûze de abdij wat letter foar in twadde kear nei it tsjintwurdige plak, dat doe ek al Lucerne hiet en de namme oan 'e abdij en oan 'e parochy joech. Mei de bou fan de hjoeddeiske tsjerke waard yn 1171 útein set; de wijing fan de tsjerke folge troch biskop Richard yn 1178.

De abdij profitearre yn 'e jierren dêrnei fan grutte skinkings en privileezjes fan de keningen fan Ingelân en Frankryk, de aartsbiskop fan Rouen, de biskoppen fan Coutances en Avranches en oare begeunstigers. Nei in amtsjubileum fan in heale iuw ferstoar abt Angot yn it jier 1206. Hy waard yn it noardlike sydskip begroeven, dêr't syn grêf yn 1984 wer op 'e nij ûntdutsen waard.

Midsiuwen bewurkje seksje

De 13e iuw ferrûn rêstich en it wie in gouden iuw foar hast alle religieuze gebouwen yn it lân. Lucerne profitearre fan dy tiid en der waard omraak boud, mar de Hûndertjierrige Kriich brocht ek foar Lucerne in soad lijen en ellinde. Yn de twadde helte fan 'e 15e iuw koe de skea opmakke wurde; tt ferneatige skip krige in houten ferwulft en fan 1463 oant 1493 liet abt Richard I fan Laval de âlde kleastergong ferfange troch in stiennen kleastergong (dy't om 1700 hinne wer ferfongen waard).

 
Arkades fan de yngong fan de net mear besteande kapittelseal

Lykas oare Frânske abdijen foel ek Lucerne yn de 16e iuw yn kommende. Aldergelokst foar Lucerne hie Hindrik IV yn 1596 Jean de La Beslière beneamd as abt fan it kleaster. Oars as de oare abten fan kommendatêre abdijen wenne abt Jean yn syn abdij. Hy folge de rigel fan Sint-Norbertus en wylst oare kommendatêre abdijen yn it neigean rekken, herstelde de abt de twa iuwen earder ferneatige ferwulften fan de abdijtsjerke. Hy liet in nij haadalter bouwe en oare kleastergebouwen renovearje. Abt Jean ferstoar yn 1630 en syn herstelwurk is noch altiten fan de gebouwen ôf te lêzen. De midsiuwske struktueren wiene feroare, mar it muorrewurk bleau foar in part bestean.

 
Abdijhûs (18e iuw)

Syn neef François de La Beslière wie fan 1631 oant 1656 abt en gyng fierder mei restauraasjes, fral oan de abdijtsjerke.

It kommende-rezjym waard yn 1672 op 'e nij ynfierd, mar ek dy kear wist Lucerne der oan te ûntkommen. De kanunniken slaggen der yn it beneamingsrjocht fan de kening werom te keapjen, dy't troch it grutte tal krigen fan Loadewyk XIV wol wat oanfolling yn de skatkist brûke koe. De mienskip keas yn 1700 Jean Éthéart (1700-1712) as nije abt, dy't mei syn opfolger Hyacinthe des Noires-Terres rekonstruksjes útfiere liet yn it blauwe granyt fan Carolles.

Abt Jean-Baptiste Pellevé liet yn syn amtsperioade (1727-1747) it abdijhûs bouwe en it park dêr omhinne oanlizze.

Frânske Revolúsje bewurkje seksje

 
19e-iuwsk Akwadukt

De Frânske Revolúsje makke in ein oan 'e abdij; de mienskip waard ûntbûn en de kanunniken útwiisd en nei harren famylje stjoerd. De abdij waard as nasjonaal eigendom ferkocht oan de oanbuorjende lânhear Léonor Claude de Carbonnel de Canisy (1732-1811) en syn frou Henriette de Vassy (1744-1822). De lêstneamde, in suster fan de lêste markys fan Brécey, erfde yn 1795 it lân en it kastiel fan Brécey. Yn 1799 waard it pear twongen de abdij te ferkeapjen, dy't net fier fan harren kastiel yn Lucerne stie. Hja ferkochten de abdij oan de reder Louis Gallien út Granville.

Louis Gallien feroare it kleaster yn in spinnerij en nei it faillissemint waard de abdij in stiengroeve. It akwadukt yn it abdijpark datearret fan dy tiid en waard brûkt foar it grutte tsjel, dy't de masjines yn de spinnerij oandreau. It kompleks wiksele dêrnei ferskillende kearen fan eigners en de gebouwen waarden jimmeroan brekfalliger. Yn 1837 stoartte it tsjerke skip yn. Healwei de 19e iuw kaam der in ein oan de aktive ferneatiging fan de abdij, mar it ferfal wie net mear te kearen.

Restauraasje en weropbou bewurkje seksje

 
It oargel dat oarspronklik foar de katedraal fan Chambéry boud waard

Sûnt 1959 sette pater Marcel Lelégard (1925-1994) útein mei it grut herstelplan fan 'e abdijgebouwen. In wichtich doel fan de stifting "Fondation Abbaye de La Lucerne-d'Outremer" wie ek it herstel fan 'e religieuze mienskip yn Lacerne. De belangrykste fazes fan de renovaasje en rekonstruksje binne:

  • 1964: de restauraasje fan it koer.
  • 1971: de restauraasje fan 'e klokketoer.
  • 1981: it yn gebrûk nimmen fan it grutte oargel (it barokke oargel waard oarspronklik foar de katedraan fan Chambéry boud en is by de ynbou folslein restaurearre).
  • 1988: de rekonstruksje fan it tsjerkeskip (dak foltôge yn 1993).
  • 1995-2002: de rekonstruksje fan 'e ribferwulften fan it skip fan de abdijtsjerke.
  • 2006-2012: de restauraasje fan de 13e-iuwske doweflecht, faaks de âldste fan Normandje.
  • 2013-2018: de restauraasje fan it Hûs fan de Swannen.


Gebouwen bewurkje seksje

Abdijtsjerke bewurkje seksje

 
Kelder ûnder it refektoarium
 
Ynterieur tsjerke
 
Lavatoarium

It abdijkompleks betiet út de abdijtsjerke en in tal gebouwen, werfan't guon út de midsiuwen stamme: it midsiuwske poartegebou mei de bakkerij en de rjochtseal, de refter, oare kleaster- en bedriuwsgebouwen en in doweflecht. Troch it park rint in 19e-iuwsk akwadukt. Noardeastlik fan it kompleks leit it abdijhûs, in klassisistysk gebou út 1740, dat op it plak fan it eardere abtshûs boud waard en yn 'e 19e iuw fergrutte is.

De út 'e 12e iuw datearjende abdijtsjerke waard yn 'e rin fan de tiid ferneatige en wer opboud. It hjoeddeiske oansjen fan 'e tsjerke stamt fan de rekonstruksje fan de jierren 1985-2003. De noftere gevel komt oerien mei it type tsjerke fan 'e premonstratinzers. It haadportaal is noch rûnbôgich, mar dêrboppe giet de styl al oer op goatyske spitsfinsters. De ienfâldige gevel wurdt bekroand mei in krúsfoarmige antefiks.

De fjouwerhoekige klokketoer is in typysk foarbyld fan de Anglo-Normandyske arjitektuer yn 'e tiid fan de gotyk. De trije lansetfinsters op eltse kant wize op it begjin fan 'e 13e iuw.

It benammen troch it grutte koerfinster ferljochte ynterieur wurdt troch swiere, fjouwerkante pylders yn sân traveeën ûnderferdield. It yn 'e 19e iuw ynstoartte ferwulft is mei de krúsribben tsjin it ein fan 'e 20e iuw rekonstuearre.

It barokke oargel waard yn 1981 hielendal restaurearre en is oarspronklik foar de katedraal fan Chambéry boud.

Kleastergong bewurkje seksje

De kleastergong is allinne fragmintarysk bewarre bleaun. Yn 'e noardwestlike hoeke binne de lêste arkades oer de rjochthoekige pylders bewarre bleaun. Oan 'e westlike kant binne de romaanske bôgen fan it lavatoarium, ien fan de âldsten fan Normandje. Efter de net mear beteande westlike fleugel fan 'e kleastergong steande de 17e en 18e iuwske kleastergebouwen. Eartiids stie oan 'e eastlike kant de kapittelseal, werfan't allinne de tagongspartij bewarre bleaun is. Yn 'e súdlike fleugel is in tagong nei de 12e-iuwske kelder en it deroerhinne, rekonstruearre refektoarium.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.