Abdij fan Longues-sur-Mer

De Abdij fan Sint-Marije fan Longues (Frânsk: L'abbaye Sainte-Marie de Longues) is in âlde benediktynske abdij, dy't yn de 12e iuw stifte waard. De abdij stiet yn de gemeente Longues-sur-Mer yn it Frânske departemint Calvados yn de regio Normandje.

Abdij fan Sint-Marije fan Longues

Abbaye Sainte-Marie de Longues

Lokaasje
lân Frankryk
regio Normandje
departemint Manche
plak Longues-sur-Mer
adres 17 rue de l'abbaye
koördinaten 49° 19' N 0° 41' W
Kleastergegevens
denominaasje Roomsk-Katolike Tsjerke
oarde Premonstratinzers
oprjochting 1168
opheffing 1781
Ynformaasje bou
boujier 13e-18e iuw
monumintale status Histoarysk monumint
Webside
Offisjele side fan de abdij
Kaart
Abdij fan Longues-sur-Mer (Frankryk)
Abdij fan Longues-sur-Mer

De abdij waard yn 1168 stifte troch Hugh Wac, hear fan Rubercy en eigner fan lân yn de Cotentin. De abdij krige fan kening Hindrik II en oare Ingelske en Normandyske eallju rynsk jeften. De earste muontsen wiene ôfkomstich fan de abdij fan Hambye. Fral de famyljes Bacon, hearen fan Molay en de famylje Argouges droegen by oan de abdij en leden fan dy famyljes fûnen dêr harren lêste rêstplak.

 
Ynterieur fan de abdijtsjerke

Doe't de aartsbiskop Eudes Rigault fan Rouen in besite brocht oan de abdij telde de mienskip 20 muontsen. De abdij besiet doe 4 priorijen en it patronaat fan 20 parochytsjerken yn de Bessin.

Sûnt 1526 foel de abdij yn hannen fan kommendatêre abten en dat betsjutte de delgong fan de abdij. Yn 1562 waard de abdij troch protestanten plondere. Nei in lange tiid fan delgong waard de abdij lang om let yn 1781 ûnder de lêste kommendatêre abt Emmanuel-Louis de Cugnac (biskop fan Lectoure) sletten. De abij-ynkomsten waarden tadield oan it seminarium fan Bayeux.

Fan de abdij bleaune in tal ruïnes en gebouwen bestean, dy't op ferskillende tiden as histoarysk monumint erkend binne. Sûnt de jierren 1930 binne de partikuliere eigners dwaande mei de renovaasje fan de gebouwen. Yn 2019 waard de abdij selektearre om Normandje te fertsjintwurdigjen by de lanlike erfgoedlotterij. It jild wurdt brûkt foar in restauraasje fan it dak fan it koer en de ferfanging fan de laaien fan it refektoarium. De abdij is iepensteld foar toeristen.

Fan de abdijtsjerke binne grutte dielen bewarre bleaun. It koer mei in elegante goatyske struktuer is te ferlikenjen mei dat fan de katedraal fan Bayeux. In útsûnderlike grutte kolleksje glazuere tegels binne bewarre bleaun. De tegels binne yn in atelier yn Molay makke en datearje út de lêste jierren fan de 13e of út de 14e iuw.

Yn it refektoarium binne noch 14e-iuwske muorreskilderings oanwêzich.

Yn in nis fan de poarte foar it folk te foet is in (mooglik) 15e-iuwsk byld fan Jakobus de Meardere. Mooglik heart it oarspronklik net op dat plak thús.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes et références, op dizze side.