Abilene (útspr.: ['æbəli:n]) is in stêd yn 'e midden fan 'e súdlike Amerikaanske steat Teksas. It is it haadplak fan Taylor County, mar in oansjenlik part fan 'e nije bûtenwiken lizze nei it noarden ta, oer de grins fan Jones County. Neffens de gegevens fan folkstelling fan 2010 hie Abilene doe likernôch 117.000 ynwenners. As de lytsere stedsjes deromhinne meirekkene waarden, kaam de befolking fan it stêdekloftsje yn 2011 út op rom 166.000 minsken. Abilene hat in eigen fleanfjild, it Regionaal Fleanfjild Abilene, en fuort bewesten de stêd leit de Loftmachtbasis Dyess.

Abilene
Emblemen
Bestjoer
Lân Feriene Steaten
Steat Teksas
County Taylor County
Jones County
Sifers
Ynwennertal 117.063 (2010)
Oerflak 286,5 km² (ynkl. wetter)
272,3 km² (allinnich lân)
Befolkingsticht. 429,9 / km²
Stêdekloft 166.416 (2011)
Hichte 524 m
Oar
Stifting 1881
Tiidsône UTC -6
Simmertiid UTC -5
Koördinaten 32°27′00″N 99°45′00″W
Offisjele webside
www.abilenetx.com
Kaart
De lizzing fan Abilene yn (en bûten) Taylor County en yn 'e steat Teksas.

Abilene waard yn 1881 stifte as in stasjon foar slachtfeeferfier oan 'e Texas and Pacific Railway. It waard ferneamd is nei it âldere Abilene yn 'e steat Kansas, it oarspronklike einpunt fan it Chisolm Trail, it 1.300 km lange paad dat foartiid yn gebrûk wie om it slachtfee út súdlik Teksas wei nei it neiste spoar yn Kansas te driuwen. Ear't der mei de ferkeap fan 'e perselen grûn úteinset wie, hiene as mear al achthûndert minsken har tinten opslein op it plak dêr't de stêd komme soe. Yn 1882 krige Abilene offisjeel de status fan stêd, wêrnei't it op oanstean fan 'e ynwenners nei in stimming yn 'e county-rie ta it haadplak fan Taylor County makke waard. Yn 1891 waard begûn mei de bou fan it Simmons Kolleezje, dat letter de Hardin-Simmons Universiteit wurde soe, de earste fan 'e tsjintwurdige trije universiteiten yn Abilene (de oare beide binne de Kristlike Universiteit fan Abilene (ACU), stifte yn 1906, en de McMurry Universiteit, oprjochte yn 1923).

 
De binnenstêd fan Abilene.

Yn 1940, mei de Twadde Wrâldoarloch yn it foarútsjoch, brochten de Abileners it jild byinoar om besúdwesten harren stedsje grûn oan te keapjen foar de oanlis fan in legerbasis, dy't Kamp Barkeley kaam te hjitten, en dy't mei 60.000 man doedestiden twa kear sa grut as Abilene sels wie. Nei de oarloch, doe't de basis sletten waard, sieten in protte Abileners yn noed oer de gefolgen dêrfan foar de pleatslike ekonomy, mar dat foel ta, mei't in soad fan 'e soldaten dy't yn Kamp Barkeley lein hiene, neitiid weromkearden nei Abilene om har der nei wenjen te setten en bedriuwen te begjinnen. Oan it begjin fan 'e fyftiger jierren sammelen de ynwenners fan 'e stêd jitris jild yn, diskear mar leafst $893.261, om 14 km² grûn bewesten Abilene oan te keapjen foar de oanlis fan in loftmachtbasis. Hjoed de dei is de Loftmachtbasis Dyess mei mear as 6.000 banen noch altiten de grutste wurkjouwer fan 'e stêd.

Yn 1966 waard de Abilene Zoo, de pleatslike dieretún, oprjochte. Yn 1992 sette in grutskalige restauraasje fan it stedssintrum útein mei de renovaasje fan it Grace Museum en it Paramount Theatre. Yn 2004 waard mei Frontier Texas! in multymedia-museum oanlein, dat de skiednis fan Abilene en de omlizzende krite tusken 1780 en 1880 beljochtet. Sûnt 1980 hat Abilene him ûntjûn ta sawol it kommersjele en medyske sintrum as it ferfiersknooppunt foar in gebiet dat bestiet út njoggentjin countys en dat wol The Big Country of it Midwesten fan Teksas (the Texas Midwest) neamd wurdt.

Abilene hat in fochtich subtropysk klimaat, mei yn jannewaris in trochsneed deitemperatuer fan 13,8 °C en yn july fan 36,6 °C. Der falt trochstrings 629,7 mm delslach yn 't jier, wylst der oer de hiele winter ferdield yn trochsneed 11,8 sm snie falt.

 
Abilene by sinne-ûndergong.

Abilene is yn 'e tweintichste iuw stadichoan trochwoeksen, fan in ynwennertal fan 3.400 yn 1900, nei 46.000 yn 1950, nei 116.000 yn 2000. Sûnt is de groei wat stilfallen, mei't der yn it earste desennium fan 'e ienentweintichste iuw mar goed tûzen ynwenners bykommen binne. Neffens de gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 wie de etnyske opbou fan 'e befolking doe sa: 58,6% blanken; 19,5% Latino's; 8,8% swarten; 1,3% Aziaten; 0,6% Yndianen; 11,2% oaren of fan mingd etnysk komôf.

Berne yn Abilene

bewurkje seksje

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Further reading en References, op dizze side.